Geesteren (Twintsk: Geester) is in doarp yn 'e Twintske gemeente Tubbergen yn 'e provinsje Oerisel. It doarp telt ynwenners () en hat fan oarsprong foaral in roomsk-katolike befolking. It doarp heart ta it type fan 'e losse iesdoarpen.
Skiednis Yn 1268 waard it doarp al fermeld as Geysteren. De ynwenners waarden yn it ferline faak as Papsleefn útskolden, al wurdt dit troch guon ynwenners fan Geesteren ek as in geuzenamme sjoen. De lokale karnavalsferiening is nei dizze skelnamme neamd. De omjouwing fan it doarp hat in soad, faak grutte en âlde, pleatsen, dy't tsjûgje fan in foaral earder bloeiende agraryske sektor. Histoaryske pleatsen binne ûnder oare te finen oan 'e Bragersweg, de Huyerenseweg en de Meyersweg.
Tsjerke De katolike tsjerke is wijd oan Sint-Pankratius en waard ûntwurpen troch Jan Stuyt. By de tsjerke stiet it oarlochsmonumint "Christus is opgestanden" (1952) fan Wim Harzing.
Mûne Yn 'e omjouwing fan it doarp stiet fierder in nôtmûne, de Grote Geesterse Molen.
Kategory:Plak yn Tubbergen