De Paríastrûkgoars (Arremon phygas; synonimen: Buarremon torquatus phygas, Arremon torquatus phygas, Buarremon phygas) is in fûgel yn 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Fersprieding en systematyk De soarte komt foar yn berchgebieten yn noardeastlik Fenezuëla (de steaten Anzoátegui, Monagas en Sucre). Earder waard er as in ûndersoarte fan 'e Arremon torquatus behannele.

Status en bedriging De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) klassifisearret de Paríastrûkgoars as kwetsber (Vulnerable, VU).

Namme Paría is de namme fan in skiereilân yn 'e steat Sucre yn noardeastlik Fenezuëla, dêr't de soart foarkomt.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla