De goudwjukstrûkgoars (Arremon schlegeli) is in fûgel yn 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).
Skaaimerken en lûd It mantsje fan 'e goudwjukstrûkgoars hat in opfallend swart kopke, in ljochtgiele snaffel en in wite kiel en ûnderkant. Dêrnjonken is er ljochtgriis op 'e mantel, gielgrien op 'e rêch en boppesturt, griis op 'e wjukken en sturt, en – wat de soart syn namme jûn hat – goudgiele skouders. Wyfkes hawwe in wat doffere snaffel en in bêzjekleurige ûnderkant.
Fersprieding en systematyk De goudwjukstrûkgoars komt foar yn noardlik Súd-Amearika yn Kolombia en Fenezuëla. De soarte wurdt ferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Arremon schlegeli fratruelis – komt foar yn noardlik Kolombia (it skiereilân Guajira) Arremon schlegeli canidorsum – komt foar op 'e westlike hellingen fan 'e eastlike Andes yn Kolombia (Santander) Arremon schlegeli schlegeli – komt foar oan 'e Karibyske kant yn eastlik Kolombia en noardlik Fenezuëla
Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarzen yndield by de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae), dêr't de Euraazjeske en Afrikaanske goarzen ta hearre. Ut ferskate genetyske ûndersiken die lykwols bliken dat se in aparte groep foarmje dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en ferskate famyljes mei mar in lyts oantal endemyske soarten yn it Karibysk gebiet.
Hâlden en dragen De goudwjukstrûkgoars is te finen yn sawol drûge as fochtige wâlden en yn jong bosk. Hy wurdt dêr allinnich of yn pearkes sjoen wylst er nei iten siket yn 'e ûndergroei.
Status en bedriging De soart hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat de oantallen tebekrinne, hoewol net sa slim dat er as bedrige beskôge wurdt. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC) op 'e Reade List.
Namme De wittenskiplike soartnamme (schlegeli) is in earbetoan oan 'e Dútske ornitolooch Hermann Schlegel (1804-1884).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla