De grienkrúnstrûkgoars (Arremon virenticeps) is in fûgel yn 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). De fûgel is in endemyske soarte fan Meksiko.
Skaaimerken De grienkrúnstrûkgoars is in frij grutte (likernôch 20 sm) en swiere strûkgoars mei in oliifgriene boppekant, in dúdlike wite kiel en in lange sturt. Op 'e kop binne brede swarte lingtestreken te sjen, in breed swart gesichtsmasker en in brede oliifgriene wynbraustreek. Oer de krún rint in smelle griene streek nei efter. Op it boarst en de flanken is de fûgel griis, wylst de búk wyt is. Hy liket wol wat op 'e kastanjekrúngoars (Arremon brunneinucha), mar dy hat in kastanjekleurige krún en in swart rântsjes ûnder de wite kiel. Se oerlapje inoar ek net yn ferspriedingsgebiet.
Fersprieding en systematyk De grienkrúnstrûkgoars komt foar yn berchgebieten fan westlik Meksiko en wurdt monotypysk behannele of ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Arremon virenticeps verecundus – súdlik Sinaloa, noardlik Nayarit en súdlik Durango; Arremon virenticeps virenticeps – fan Jalisco en Colima oant Morelos en westlik Puebla.
Skaaiyndieling Oant foar koart waard de soarte yn it skaai Buarremon pleatst, mar nei genetysk ûndersyk wurdt er tsjintwurdich ta it skaai Arremon rekkene. Noch fierder werom waard de fûgel yn it skaai Atlapetes yndield.
Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarzen yndield by de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae), dêr't ek de Euraazjeske en Afrikaanske goarzen ta hearre. Ut ferskate genetyske ûndersiken die lykwols bliken dat se in aparte groep foarmje dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en ferskate famyljes mei mar in lyts oantal endemyske soarten yn it Karibysk gebiet.
Hâlden en dragen De grienkrúnstrûkgoars libbet yn 'e ûndergroei fan berchwâlden mei dinne- en ikewâlden op hichten tusken 1800 en 3500 meter, faak yn skaadrike kleauwen mei in soad begroeiïng. De soarte is dreech te sjen as er foerazjearret op of tichteby de grûn, meastal yn pearkes. Oer it iten is net in soad bekend, mar oannommen wurdt dat it bestiet út sawol plantaardich materiaal as ynsekten.
Status en bedriging De soart hat in frij grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat de oantallen tebekrinne, hoewol net sa slim dat er as bedrige beskôge wurdt. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soart dêrom as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje waard yn 2019 rûsd op 20.000 oant 50.000 folwoeksen fûgels.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko