De oranjesnaffelstrûkgoars (Arremon aurantiirostris) is in fûgel yn 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).
Skaaimerken De oranjesnaffelstrûkgoars is in dúdlik tekene en frij swiere strûkgoars. Hy is te werkennen oan 'e oranje snaffel. De kop is dúdlik tekene yn swart en wyt, it boarst is swart en de kiel is wyt. Mantsjes en wyfkes hawwe itselde fearrekleed.
Fersprieding en systematyk De oranjesnaffelstrûkgoars wurdt ferdield yn acht ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Arremon aurantiirostris saturatus – oan 'e Karibyske kant fan súdeastlik Meksiko (Veracruz) oant Gûatemala en Belize Arremon aurantiirostris rufidorsalis – oan 'e Karibyske kant fan Hondoeras oant Nikaragûa en Kosta Rika; Arremon aurantiirostris aurantiirostris – de Stille Oseaan-helling yn Kosta Rika en Panama; Arremon aurantiirostris strictocollaris – it uterste easten fan Panama en oanbuorjend noardwestlik Kolombia; Arremon aurantiirostris occidentalis – de Stille Oseaan-hellingen fan westlik Kolombia en noardwestlik Ekwador; Arremon aurantiirostris santarosae – súdwestlik Ekwador; Arremon aurantiirostris erythrorhynchus – noardlik Kolombia; Arremon aurantiirostris spectabilis – súdeastlik Kolombia oant eastlik Ekwador en noardeastlik Perû.
Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarsfûgels yndield by de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae), dêr't de Jeraziatyske en Afrikaanske goarzen ta hearre. Ut ferskate genetyske ûndersiken die lykwols bliken dat se in aparte groep foarmje dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en ferskate famyljes mei mar in lyts oantal endemyske soarten yn it Karibysk gebiet.
Hâlden en dragen De oranjesnaffelstrûkgoars libbet yn fochtige griene wâlden en wâldrânen fan tropysk leechlân. Hy wurdt faak yn pearkes sjoen, dy't har meastal ophâlde op of tichteby de grûn yn 'e skaadrike ûnderbeplanting.
Status en bedriging De soart hat in grut ferspriedingsgebiet. Oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne, mar net sa slim dat de soarte as bedrige beskôge wurdt. De Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN) klassifisearret de oransjesnaffelstrûkgoars dêrom as net bedrige (Least Concern, LC). In rûzing fan 2019 giet út fan in wrâldpopulaasje fan 50.000 oant in heal miljoen folwoeksen fûgels.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Perû