Shrek is in tige súksesfolle Amerikaanske mediafranchise besteande út in kompjûteranimearre filmsearje en ferskate adaptaasjes ta oare media, wêrûnder tillefyzje, fideospultsjes en toaniel. De franchise begûn yn 2001 mei de film Shrek, dy't loskes basearre waard op it printeboek Shrek! fan William Steig út 1990. Shrek is eigendom fan tekenfilmstudio DreamWorks Animation. De franchise heart ta it fantasysjenre en kin typearre wurde as in komyske mearkeparody. Kwa leeftyd is de franchise gaadlik foar bern en it hiele gesin. De wichtichste haadpersoan fan 'e franchise is Shrek, in sjegrinige mar as it derop oankomt goedhertige oger, dy't ûnder twang op in kweeste giet om in tsjeppe prinsesse fan in draak te rêden. De aventoeren dy't er op dy reis en neitiid belibbet, helje him út syn selsopleine isolemint en meitsje dat er net inkeld gâns freonen kriget, mar ek syn wiere leafde fynt.
Films Haadfilmsearje Shrek
Yn Shrek wurdt Shrek (Mike Myers), in sjegrinige oger dy't yn in selsoplein isolemint yn in sompe wennet, troch de boasaardige en megalomane hear Farquaad fan Duloc (John Lithgow) twongen om foar him op in kweeste te gean. Hy moat de tsjeppe prinsesse Fiona (Cameron Diaz) rêde, dy't yn in kastiel finzen holden wurdt troch in draak. Neitiid moat er har by Farquaad bringe, sadat dy mei har trouwe kin. Shrek wurdt op syn reis beselskippe troch Ezel (Eddie Murphy), in pratende ezel dy't fan syn hert gjin moardkûle makket. Nei't Shrek de prinsesse rêden hat, rekket er lykwols op 'e weromweis nei Duloc fereale op har.
Shrek waard regissearre troch Andrew Adamson en Vicky Jenson nei in senario fan Ted Elliott, Terry Rossio, Joe Stillman en Roger S.H. Schulman. De film gie op 22 april 2001 yn premiêre, en brocht $491,8 miljoen op tsjin in budget fan $60 miljoen.
Shrek 2
Yn Shrek 2 binne Shrek (Mike Myers) en prinsesse Fiona (Cameron Diaz) krekt troud, wannear't se troch Fiona har âlden, kening Harold (John Cleese) en keninginne Lillian (Julie Andrews) fan Fier, Fier Fuort, útnûge wurde om del te kommen sadat sy yn 'e kunde komme kinne mei harren nije skoansoan. It keningspear is lykwols skokt as bliken docht dat Shrek in oger is, en dat Fiona troch har leafde foar him feroare is yn in ogerinne. Underwilens hat de Dreamprins (Rupert Everett) syn sinnen derop set om mei Fiona te trouwen sadat er nei it ferstjerren fan kening Harold sels kening wurde kin. Hy wurdt yn dat stribjen oanfitere troch syn mem, de Goede Fee (Jennifer Saunders), en mei kening Harold smeie se in plan om Shrek út 'e wei te romjen. Se hiere de Kat op Learzens (Antonio Banderas), in freesde aventoersman, yn om 'e moard út te fieren, mar wannear't it dyselde net slagget om Shrek te ferslaan, wurde se freonen en jout er him by Shrek en Ezel (Eddie Murphy).
Shrek 2 waard regissearre troch Andrew Adamson, Kelly Asbury en Conrad Vernon nei in senario fan Adamson, Joe Stillman, J. David Stern en David N. Weiss. De film gie op 15 maaie 2004 yn premiêre, en brocht $936,2 miljoen op tsjin in budget fan $150 miljoen.
Shrek the Third
Yn Shrek the Third regearje Shrek (Mike Myers) en Fiona (Cameron Diaz) mei tsjinnichheid oer it Lân Fier, Fier Fuort salang't kening Harold (John Cleese) siik is. Dat giet net sûnder swierrichheden, dat Shrek wol mei gragens fan dy famyljeferplichting ôf. Mar de kening betteret net mear op en komt te ferstjerren, sadat Shrek en Fiona foargoed mei de troan opskipe driigje te wurden. Op syn stjerbêd seit de kening lykwols dat der njonken Fiona nóch in troanpretendint is, syn omkesizzer en har neef Artie Pendragon (Justin Timberlake). Shrek set daliks mei syn maten Ezel (Eddie Murphy) en de Kat op Learzens (Antonio Banderas) ôf om dy Artie op te spoaren, mar krekt foar harren ôfreis dielt Fiona him mei dat se swier is. Wylst Shrek slim mei dat nijs ompakt om't er himsels folslein ûngaadlik fynt om bern grut te bringen, smeit de Dreamprins (Rupert Everett) in komplot om yn Fier, Fier Fuort de macht te gripen.
Shrek the Third waard regissearre troch Chris Miller nei in senario fan himsels, Jeffrey Price, Peter S. Seaman en Aron Warner. De film gie op 6 maaie 2007 yn premiêre, en brocht $813,4 miljoen op tsjin in budget fan $160 miljoen.
Shrek Forever After
Yn Shrek Forever After is Shrek (Mike Myers) in húslike oger wurden, dy't in gelokkich bestean liedt mei Fiona (Cameron Diaz) en harren bern. Ynstee dat er de doarpelingen de stupen op it liif jaget as se mei heafoarken efter him oan komme, moat er no harren heafoarken sinjearje. Hy begjint nostalgyske gefoelens te krijen foar "dy goede âlde tiid" foar't er Fiona mette. Oegemantsje (Walt Dohrn), in glêde hantsjebakker dy't Shrek mei wurden wol oerkin, ferliedt him ta in ruilhanneltsje: Shrek jout ien dei út syn jonkheid op om nochris in dei as in echte oger te libjen. Dat pakt lykwols net út sa't it Shrek foar eagen stie. Ynienen libbet er yn in alternative reäliteit, dêr't net ien him ken, ogers ferfolge wurde, Oegemantsje de kening is, de Kat op Learzens (Antonio Banderas) oan obesitas lijt, en Fiona oan it haad fan in ûndergrûnske fersetsgroep stiet. Hy ûntdekt dat er sûnder euvelmoed de dei fan syn berte fuortruile hat, en dat er dêrom oan 'e ein fan dizze dei ophâlde sil te bestean.
Shrek Forever After waard regissearre troch Mike Mitchell nei in senario fan Josh Klausner en Darren Lemke. De film gie op 21 april 2010 yn premiêre op it Filmfestival fan Tribeca, en brocht $756,2 miljoen op tsjin in budget fan $135–165 miljoen.
Spin-off-films Puss in Boots
Puss in Boots is in oarsprongsferhaal fan de Kat op Learzens (Antonio Banderas), dat spilet jierren foarôfgeande oan syn aventoeren mei Shrek yn Shrek 2, Shrek the Third en Shrek Forever After. Yn 'e mande mei twa selskipslju, de dievegge Kitty Poezelpoatsje (Salma Hayek) en syn lang fan him ferfrjemde jeugdfreon Humpty Dumpty (Zach Galifianakis), in libben en pratend aai, stelt de Kat op Learzens trije magyske beantsjes fan it moardsuchtige banditeduo Jack en Jill (Billy Bob Thornton en Amy Sedaris). Hy lit himsels lykwols op naïve wize brûke foar it plan fan Humpty Dumpty om by de beanstôk op te klimmen, dy't groeit as se de trije beantsjes plantsje. It doel is neffens Humpty Dumpty om gouden aaien te stellen fan in meunster dat 'de Grutte Skrik' neamd wurdt. Oant safier slagget it allegearre, mar neitiid wurdt al rillegau dúdlik dat Humpty Dumpty lang net alles oan 'e Kat op Learzens ferteld hat.
Puss in Boots waard regissearre troch Chris Miller nei in senario fan Tom Wheeler. De film gie op 16 oktober 2011 yn premiêre, en brocht $555 miljoen op tsjin in budget fan $130 miljoen.
Puss in Boots: The Last Wish
Puss in Boots: The Last Wish spilet jierren nei de aventoeren út Shrek 2, Shrek the Third en Shrek Forever After. Nei in ûngelokkich foarfal is de Kat op Learzens (Antonio Banderas) dwaande mei it lêste fan syn njoggen libbens. Nei't er op in hier nei foargoed deagien is, rekket de oars sa ûnferskrokken held yn 'e lytse loege. Yn 'e mande mei syn eks-ferloofde, de dievegge Kitty Poezelpoatsje (Salma Hayek), en in hûntsje dat Perrito (Harvey Guillén) neamd wurdt, set er ôf op in kweeste om 'e Lêste Winsk fan 'e fallen Winskstjer te finen. Hy wol de winsk brûke om syn acht ferspile libbens werom te heljen. Mar der binne oare kapers op 'e kust, lykas Goudhierke (Florence Pugh) en de Trije Bearen (Ray Winstone, Olivia Colman en Samson Kayo) en de smjunt Jack Horner (John Mulaney). Underwilens wurdt de Kat op Learzens persoanlik hjitfolge troch in sinistere, mei sichten bewapene wolf (Wagner Moura).
Puss in Boots: The Las Wish waard regissearre troch Joel Crawford nei in senario fan Paul Fisher en Tommy Swerdlow. De film gie op 25 novimber 2022 yn premiêre, en brocht $484,3 miljoen op tsjin in budget fan $90–110 miljoen.
Takomstige filmprojekten Nei it súkses Shrek 2 makke Jeffrey Katzenberg fan DreamWorks Animation yn maaie 2004 bekend dat it ferhaal fan Shrek en Fiona fan it begjin ôf in pentalogy wie, dy't ferdield wurde soe oer fiif ûnderskate films. Doe't yn 2010 as fjirde film Shrek Forever After ("Shrek Noch Lang en Lokkich") útbrocht waard, suggerearre de titel lykwols dat it om 'e lêste film fan 'e rige gie. Dat bliek ek sa te wêzen, mei't der yn 'e fyftjin jier dêrnei gjin nij diel yn 'e haadrige mear útkaam.
Nei't DreamWork Animation yn 2016 oernommen waard troch NBCUniversal foar it sêfte pryske fan $3,8 miljard, makke Steve Burke, de algemien direkteur fan NBCUniversal, lykwols bekend dat syn bedriuw troch woe mei de kommersjeel ynteressante Shrek-filmsearje. In fyfde film, provisoarysk bekend ûnder de wurktitel Shrek 5, waard oarspronklike ferwachte yn of koart nei 2019. Mar troch swierrichheden by de ûntwikkeling kaam it filmprojekt jierrenlang muorrefêst te sitten. Chris Meledandri fan 'e tekenfilmstudio Illumination, dy't der yn 2018 by helle waard om as útfierend produsint de produksje fan sawol Puss in Boots: The Last Wish as Shrek 5 glêd te lûken, sei yn april 2023 dat Shrek 5 noch altyd yn produksje wie. By deselde gelegenheid makke Meledandri ek bekend dat der plannen wiene foar in spin-off-film mei Ezel as haadpersoan. Letter waard dúdlik dat Shrek 5 yn 2027 útkomme sil, en de film oer Ezel, mei de wurktitel Donkey, yn 2028.
Koarte films Shrek in the Swamp Karaoke Dance Party Shrek in the Swamp Karaoke Dance Party is in koarte filmmusical út 2001 mei in spyldoer fan 3 minuten dy't as bonusfilmke tafoege waard oan VHS- en dvd-edysjes fan Shrek. It is in langere ferzje fan 'e lêste sêne fan dy film (foar't Shrek en Fiona ôfsette op houliksreis). Alderlei personaazjes út 'e film fiere in medley fan moderne poplieten op.
The Ghost of Lord Farquaad
The Ghost of Lord Farquaad, ek bekend as Shrek 4-D, Shrek 3-D en Shrek's Never Before Seen Adventure, is in koarte film út 2003 mei in spyldoer fan 13 minuten. It ferhaal fynt plak tusken Shrek en Shrek 2 yn. Hear Farquaad (John Lithgow) stiet op út 'e dea om Fiona (Cameron Diaz) te ûntfieren en Shrek (Mike Myers) en Ezel (Eddie Murphy) moatte har rêde. It filmke waard oarspronklik útbrocht foar de ferdivedaasjeparkattraksje Shrek 4-D.
Far, Far Away Idol Far, Far Away Idol is in ynteraktive koarte film út 2004 mei in spyldoer fan 5 minuten. Hy waard útbrocht as bonusfilmke op VHS- en dvd-edysjes fan Shrek 2. Far, Far Away Idol fynt plak fuort nei de ein fan Shrek 2, wannear't de minder wichtige personaazjes in sangwedstryd hâlde mei Shrek (Mike Myers), Fiona (Cameron Diaz) en Simon Cowell (himsels) as sjueryleden.
Donkey's Caroling Christmas-tacular Donkey's Caroling Christmas-tacular, ek wol bekend as Donkey's Christmas Shrektacular, is in koarte film út 2010 mei in spyldoer fan 5 minuten. Hy waard útbrocht as bonusfilmke op dvd's en blu-ray's fan Shrek Forever After en by de folsleine boxset fan alle Shrek-films. By in krystfiering stelt Ezel (Eddie Murphy) foar dat hy en syn freonen om bar in krystliet sjonge sille, in foarstel dat de oaren grif oannimme.
Shrek's Yule Log Shrek's Yule Log is in koarte film út 2010 mei in spyldoer fan 30 minuten, dy't útbrocht waard as bonusfilmke op 'e blu-ray-edysje fan Shrek Forever After. It plak fan hanneling is Shrek syn âld hûs yn it moeras. Der is net echt in ferhaal; it is mear in foarm fan slow-TV, wêrby't de sjoggers troch de flammen fan Shrek syn iepen hurd hinne syn hûs ynsjogge. Ut en troch bart der wat: Shrek (Mike Myers) keart tsjin dat Oegemantsje (Walt Dohrn) it hurdfjoer útmakket, Ezel (Eddie Murphy) makket in grap, Fiona (Cameron Diaz) leit koekjes del foar de Krystman en de Kat op Learzens (Antonio Banderas) fret himsels blastich oan 'e koekjes.
Thriller Night