You're Cordially Invited is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2025 ûnder rezjy fan Nicholas Stoller, mei yn 'e haadrollen Reese Witherspoon en Will Ferrell. De titel betsjut "Jo wurde op hoaske wize útnûge", in formulearring dy't yn 'e Feriene Steaten gauris brûkt wurdt op troukaarten. It ferhaal giet oer in ôfhandich eilantsje yn in mar yn 'e Amerikaanske steat Georgia, dat omreden fan 'e skildereftige natoer populêr is as troulokaasje. Der ûntstiet in probleem as blykt dat der yn in beskaat wykein in dûbele boeking ynslûpt is. Sawol de heit fan 'e breid fan 'e iene trouwerij, dy't widner is, as de suster fan 'e breid fan 'e oare trouwerij, dy't heal ferfrjemde is fan har famylje, is der alles oan gelegen om harren respektivelike trouwerijen trochgean te litten. Se komme ta oerienstimming om 'e troulokaasje foar it wykein te dielen. Dat liedt lykwols al rillegau ta tsierderij en gaos. You're Cordially Invited waard útslutend útbrocht fia de streamingtsjinst Prime Video. Fan 'e filmkritisy krige de film mingde resinsjes.
Plot Jim Caldwell is in widner út Atlanta dy't tige (eins tefolle) by it libben fan syn ienlingsdochter Jenni belutsen is. Sûnt it ferstjerren oan sykte fan syn frou draait Jim syn hiele bestean eins om Jenni. Hy hat har grutbrocht as allinnichsteande heit en se dogge alles tegearre. Hy kriget dan ek in aaklike ferrassing te ferwurkjen wannear't Jenni him ferteld dat se har ferloofd hat mei har freon Oliver, dy't live-D.J. is. It jonge stel wol mei koarten trouwe, en Jim begrypt dat dat betsjut dat hysels folle minder by it libben fan syn dochter belutsen wêze kin. Syn earste reäksje is dan ek net botte entûsjast, wat ta in flechtige rûzje mei Jenni liedt. Jim is deabenaud dat Oliver en Jenni fier by him wei ferhúzje sille, mar lokkigernôch is der sprake fan dat se by him yn 'e strjitte komme kinne te wenjen, wat er opfettet as tastimming om op deistige basis by harren yn te rinnen.
It helpen by de brulloft grypt Jim oan om te toanen hoefolle oft er foar Jenni (en Oliver) oer hat, mar hy kin mar it wurk mar heal dwaan, om't Jenni har bêste freondinne Heather al oansteld hat as offisjele trouplanner. Nettsjinsteande dat lûkt Jim it boeken fan 'e trouwerij nei him ta. De troulokaasje is yn in lytse herberge op it skildereftige mar ôfhandige Palmetto Island, in eilantsje yn in mar yn sintraal Georgia. Dat plak hat in spesjale betsjutting foar him en Jenni, mei't Jim en Jenni har mem ek op dat plak troud binne. Wylst er alle oare geregel oan Heather oerlitte moat, besiket er him ûnmisber te meitsjen troch putsjes op te pakken dy't ornaris útbestege wurde, lykas it eigenhandich bakken fan 'e houlikstaart. Wat Jim net wit, is dat Scarlett Pinkwater, de eigneresse fan 'e herberge, hommels komt te ferstjerren oan in hertoanfal fuort nei't Jim Palmetto Island foar de brulloft fan syn dochter besprutsen hat, mar foar't it frommeske dy ôfspraak yn 'e aginda notearje kin. Neitiid fersommet Heather om 'e boeking te kontrolearjen.
Yn Los Angeles hat Margot Buckley omreden fan har drokke karriêre as tillefyzjeprodusinte fan realityprogramma's nea tiid hân foar in duorjende relaasje. Se komt oarspronklik út Georgia, mar is ferfrjemde fan har famylje, útsein fan har jongere suster Neve. As dyselde har op in dei ûnferwachts opsiket, fertelt se Margot dat se fan doel is en trou mei har frijer, de manlike stripper Dixon. Neve is de fredesstiftster fan 'e famylje, ien dy't gjin nee sizze kin. Se bekent oan Margot dat se bang is dat harren bazige mem Flora de organisaasje fan 'e trouwerij oernimme en der wat fan meitsje sil dat sy hielendal net wol. Om dat foar te kommen, beslút Margot dat sysels de brulloft fan Neve en Dizon organisearje sil. Se boekt de trouwerij op Palmetto Island, dêr't sy en Neve goede oantinkens oan hawwe om't se lytse famkes dêr harren beppe besochten. Leslie Pinkwater, de soan fan Scarlett en de nije eigner fan 'e herberge, notearret de brulloft foar itselde wykein dat Jim earder it eilân besprutsen hie, mei't er him folslein ûnbewust is fan 'e eardere boeking.
De dûbele boeking komt pas oan it ljocht as it brulloftsfolk fan beide trouwerijen tagelyk foar de doar fan 'e herberge stiet. De sitewaasje wurdt der net better op troch de ynterne spannings binnen beide groepen. Jim fielt oanstriid om forsearre populêr te dwaan middenmank de Gen Z-freonen fan Jenni en Oliver, mar it slagget him inkeld om sneu oer te kommen. Hy koesteret ek in beskate, djip weistoppe wrok tsjin Oliver om't dy him syn dochter ôfnimt. Margot, dy't har oanpast hat oan it flugge libben yn it progressive Kalifornje, kin min oer de wei mei har konservative Súdlike famylje. Dêrnjonken beskôget de rike, skiteldeftige famylje fan Margot en Neve de stripper Dixon, dy't fan sljochtwei komôf is en dêr grutsk op is, eins as te min foar Neve. Boppedat fertelt Neve yn fertrouwen oan Margot dat se al swier is, in feit dat Margot taseit ferburgen hâlde te sillen foar harren âlderwetske mem.
It probleem fan 'e dûbele boeking wurdt oplost as Jim en Margot yn ûnderling oerlis beslute dat de herberge en it eilân dield wurde kinne as beide trouwerijen wat ynskikke. Leslie Pinkwater fynt dat neat wurdich en besiket der it near op te lizzen. Mar Margot, dy't as tillefyzjeprodusinte ûnderfining by 't folop hat yn 'e omgong mei lestige klanten, set him sa op syn plak dat er net wer doar op te sprekken. Jim en Margot ferdiele alle fasiliteiten foar it hiele wykein ûnderinoar, sadat de beide groepen brulloftsfolk yn prinsipe neat mei-inoar te krijen hawwe sille. Om't beide breidspearen trouwe wolle op deselde deis by sinne-ûndergong op 'e stiger by de mar, ferpartsje se sels de sinne-ûndergong, wêrby't Jim-en-dy de earste helte krije en Margot-en-dy de lêste helte.
Harren goed úttochte plantsjes rinne lykwols al rillegau yn it hûndert as middeis it brulloftsfolk fan 'e trouwerij fan Jenni en Oliver bûtendoar útreind wurdt troch hommels opkommende stjalprein en taflecht sykje moat yn 'e grutte seal, dy't op dat stuit beset is troch it brulloftsfolk fan 'e trouwerij fan Neve en Dixon. De sjarmante Jim nimt de mikrofoan en wit sûnder folle muoite Margot har famylje foar him te winnen, ta argewaasje fan Margot, dy't har famylje noch nea foar wat winne kinnen hat. Nei syn koarte taspraak fermeitsje Jim en Jenni de oanwêzigen troch tegearre it duët Islands in the Stream fan Kenny Rogers en Dolly Parton te sjongen. Mei't de liettekst eins giet oer in pear minners giet dy't seksuele omgong hawwe, besauwe Margot en har famylje harren deroer hoe ûnfoech oft it eins is foar in heit en dochter om dat liet te sjongen.
Margot is boppedat jaloersk op hoe'n nauwe bân oft Jim en Jenni hawwe. Sy beslút sels ek in taspraak te hâlden, mar se hat de hiele middei njonken har eigen drankjes ek dy fan 'e swiere Neve opdronken, dat se is as in kroade. Har taspraak hâldt gjin stek en se moat mei fysike twang fan it poadium helle wurde. By de wrakseling om 'e mikrofoan slacht Margot by fersin Jenni yn it gesicht, dy't in blau each oprint.
De oare moarns ier hat Margot in freeslike kater. Yn 'e badkeamer dy't har sliepkeamer dielt mei dy fan Jim en Jenni, sit Jenni op 'e flier te gûlen. Margot mient earst dat dat komt fanwegen it blau each, mar it docht bliken dat Jenni har ferstikt fielt troch de konstante oanwêzigens fan har heit yn har libben. Margot treastget har en oppenearret dat it foar Jenni miskien wol goed is wat mear ôfstân ta har heit te nimmen. Letter dy moarn lit Margot yn it bywêzen fan Neve en harren âldere broer en suster Colton en Gwyneth ôf op Jim en syn nuvere relaasje mei syn Jenni. Dat wurdt tafallich opfongen troch Jim, wannear't dy by de keamersdoar lâns komt. Hy is poer en beslút wraak te nimmen.
Dat docht er troch de trouplechtichheid fan Jenni en Oliver op 'e stiger sa lang te rekken dat der amper noch wat sinne-ûndergong oerbliuwt foar de trouplechtichheid fan Neve en Dixon. As dy beiden úteinlings mei harren brulloftsfolk op 'e stiger steane, wurde se wiet spat troch in passearjende speedboat dy't Jim spesjaal foar dat doel ynhierd hat. Jim is dêr wol tefreden mei, mar in miskommunikaasje soarget derfoar dat de speedboat nochris passearret, en diskear noch tichter by de stiger komt. De weagen dy't dêrtroch feroarsake wurde, meitsje dat de hiele stiger ynstoart en it breidspear en it brulloftsfolk yn it wetter bedarje. Dat giet fansels fierstente fier en it wie ek net Jim syn bedoeling, dat no fielt er him tige skuldich.
Margot, dy't trochhat dat Jim de trouplechtichheid fan Jenni en Oliver mei sin oprutsen hat, fertinkt him derfan dat hy ek efter it ynsidint mei de speedboat sit. Neve en de oaren sizze dat se net goed doocht, want wa soe soks no dwaan? Mar wannear't Margot har letter foar Jim oer ûntskuldiget foar har hurde wurden oer him en Jenni dy't er opfongen hat, jout hy ta dat hy yndie de speedboat ynhierd hie, mar dat it net syn bedoeling wie om 'e hiele brulloft fan 'e Buckleys te ferrinnewearjen. In razene Margot hellet Neve, Colton en Gwyneth derby om wraak te nimmen troch by in "út 'e bocht fleanende" polonêze by ûngelok mei sin de selsbakte houlikstaart fan Jim om te triuwen.
Letter sjocht Margot immen dy't har Oliver taliket bûtendoar mei ien fan Jenni har breidsfamkes stean te tútsjen. Margot stiet yn bestân oft se dat no stilhâlde moat of net, mar út oprjochte noed om Jenni fertelt se it úteinlik dochs oan Jim. Dy fynt it dreech te leauwen en beslút it earst stil te hâlden oant er mear bewiis fine kin, mar as er heart dat Oliver en Jenni fan doel binne om foar Oliver syn karrêre nei Memphis (Tennessee) te ferhúzjen (en by Jim wei), komt al syn weistoppe wrok tsjin Oliver wer boppe en blaft er derút dat er sjoen hat hoe't Oliver mei ien fan 'e breidsfamkes tute. Jenni fielt har ferret en begjint út lulkens willekeurige oare manlju te tútsjen, mar dan komt, te let, út dat de jonge dy't Margot sjoen hat eins ien fan Oliver syn maten is. Jenni is poerlulk op har heit en ferlit mei Oliver op slach it eilân. In dramatysk skuldbewuste Jim springt om 'e nocht harren boat efternei en belânet yn it wetter, dêr't er in Mississippy-alligator swimmen sjocht.
Op oanstean fan Dixon, dy't skjin syn nocht hat fan alle geheimdoggerij, beslút Neve tsjin 'e útdruklike rie fan Margot yn om harren mem te fertellen oer har swierwêzen. Margot hâldt har hert fêst, mar de ûntploffing fan Flora bliuwt út. Har reäksje is eins hiel bliid en ûnderstypjend. Neitiid ferfetsje Neve en Dixon harren sa abrupt ôfbrutsen trouplechtichheid, diskear sûnder harren bedoarne trouklean mar mei in bettere relaasje mei Neve har famylje. De iennichste bûtensteander yn 'e famylje is no, lykas gewoanlik, Margot. Dat kwetst har, en yn har pine hellet se út nei har emosjoneel ûnberikbere mem, wêrby't se dingen iepenbier makket dy't Colton en Gwyneth har earder yn fertrouwen ferteld hawwe. De hiele famylje keart him tsjin Margot, dy't nei har sliepkeamer flechtet.
Dêr treft se in ûntychlik smoarge Jim oan, dy't de alligator fongen hat om it bist út wraak by Margot ûnder de tekkens te stopjen. Hy hat him lykwols betocht en is no mei de alligator oan it wrakseljen. As Margot him helpe sil troch it finster iepen te setten sadat er it bist nei bûten smite kin, rint se in lichte bytwûne yn 'e earm op. Dixon, dy't foarôfgeande oan syn karriêre as stripper hospik yn it Amerikaanske Leger wie, behannelet de wûne. De skrik om har tastân makket in fermoedsoening tusken Margot en har famylje mooglik, yn 't bysûnder mei Flora, dy't har fertelt dat sy mei har eigen mem, Margot har beppe, krekt sa'n relaasje hie as dat Margot mei har hat. Flora hat sadwaande hielendal gjin leuke oantinkens oan Palmetto Island, en se hie har foarnommen om har eigen bern nea sa te behanneljen as har mem har behannele. Dat se dêr op 'e iene of de oare menear mei Margot yn faald is, makket har drôf. Margot praat mei har mem ôf dat se fan no ôf oan allebeide besykje sille om in bettere relaasje te krijen.