De Nayaritmûs (wittenskiplike namme: Peromyscus simulus), soms ek wol de Sinaloämûs neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini) en it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus). Dit bistke komt foar yn it westen fan Meksiko. De namme ferwiist nei de Meksikaanske steat Nayarit. It is nei alle gedachten in omnivoar nachtdier, dat in slachje lytser is as de naust besibbe soarten. De IUCN klassifisearret de Nayaritmûs as kwetsber.

Taksonomy De Nayaritmûs waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1904 troch de Amerikaanske mammalooch Wilfred Hudson Osgood op basis fan in spesimen út 'e neite fan San Blás yn Nayarit. Osgood seach dit bistke yn 't earstoan as in ûndersoarte fan 'e foerazjearmûs (Peromyscus spicilegus). Fan 'e wittenskiplike namme fan 'e Nayaritmûs, Peromyscus simulus, betsjut de skaainamme Peromyscus yn it Gryksk safolle as "mûs mei learzens oan", wat ferwiist nei de ljochter kleure (bealch en) poaten fan 'e soarten yn dit skaai. It soartspesifike diel, simulus, is Latyn en betsjut "koartnoas-" of "koartsnút-". Letterlik betsjut de wittenskiplike namme dus 'koartsnútwytpoatmûs'.

Lange tiid waard de Nayaritmûs as in ûndersoarte fan 'e strewelmûs (Peromyscus boylii) beskôge, en pas yn 1977 krige er op basis fan gromosomaal en morfologysk bewiismateriaal erkenning as in selsstannige soarte. Tsjintwurdich wurdt ornearre dat dit bistke de sustersoarte is fan 'e Marije-eilânske mûs (Peromyscus madrensis), dy't foar de westkust fan Meksiko op 'e Marije-eilannen foarkomt. De beide soarten moatte har eigen wegen gien wêze yn it Pleistoseen, doe't de Marije-eilânske mûs op 'e eilannen isolearre rekke fan 'e populaasje op it fêstelân.

Fersprieding De Nayaritmûs is endemysk yn westlik Meksiko. Hy komt dêr foar yn in smelle stripe tusken de kust fan 'e Stille Oseaan yn it westen en de bergen fan 'e Westlike Sierra Madre yn it easten. It ferspriedingsgebiet rint fan it súdlike diel fan 'e steat Sinaloä yn it noarden oant de midden fan 'e steat Nayarit yn it suden.

Uterlike skaaimerken De Nayaritmûs is de lytste fan 'e wytpoatmûzesoarten dy't sammele binne yn 'e saneamde boylii-groep. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 10,1 sm, mei in sturtlingte fan 9,0–10,6 sm en in gewicht fan 22–36 g. De earkes binne 1,7–1,9 sm lang en de efterpoaten mjitte 2,2–2,5 sm. De snút is yn 'e regel ek koarter yn ferhâlding ta de rest fan 'e kop as dat by oare, nau besibbe wytpoatmûzen it gefal is.

De pels is dûnkergriis oant brún op 'e boppeste lichemsdielen (kop, nekke, rêch en siden) en krêm oant wyt op 'e ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, hals, boarst en bealch). Oer de wringe rint in dizenige line fan dûnkerder hierren, en de siden hawwe in brede, okerkleurige streek dy't de begrinzging mei it ljochtere ûnderlichem foarmet. De skonken hawwe in ljochtgrize kleur, wylst de poatsjes wyt binne. De sturt, dy't (yn tsjinstelling ta wat it gefal is by guon nau besibbe soarten) ticht behierre is, hat fan boppen ornaris in bêzje oant brune kleur, mar is fan ûnderen ljochter, útskaaiend nei ljochtgriis of krêm. Oan 'e ein fan 'e sturt sit in dúdlike kwast.

Fan uterlik liket de Nayaritmûs sterk op 'e nau besibbe Durangomûs (Peromyscus schmidlyi) en Carletons hartemûs (P. carletoni). Fan 'e minder nau besibbe foerazjearmûs (P. spicilegus) kin er ûnderskaat wurde troch de foarm fan 'e ynterorbitale regio (it gebiet tusken de eagen), dat by de Nayaritmûs de foarm fan in sânrinner hat, en by de foerazjearmûs trijehoekich is.

Biotoop De Nayaritmûs is in bewenner fan beboske terrein yn leechlân by de kust lâns, dêr't er foarkomt op hichten fan net mear as omtrint 244 m boppe seenivo. Dit bistke is it talrykst fertsjintwurdige yn 'e leger leine, mei tropysk reinwâld begroeide dielen fan rivierdellings, dy't derûnder strûpe as it wetternivo fan 'e rivier heech stiet. Hy komt dêrnjonken ek foar yn drûchfallen rivierbêden (arroyo's), mangrovesompen, palmbosken, akasiaboskjes en toarnstrûken. Guon eksimplaren binne fongen yn 'e neite fan kultuerlân dêr't bananen ferboud waarden.

Hâlden en dragen Oer it hâlden en dragen fan 'e Nayaritmûs is noch net folle bekend. Op basis fan gedrachpatroanen fan nau besibbe soarten nimme mammalogen oan dat dit bistke in nachtdier is, mei in omnivoar dieet dat bestiet út sawol plantaardich guod (benammen sieden, fruchten en nuten), as lyts dierte (ynsekten, larven, spinnen en oare wringeleazen). Oer de fuortplanting is neat mei wissichheid te sizzen, útsein dat der yn april wyfkes fongen binne dy't drachtich wiene mei 1–3 embryo's.

Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Nayaritmûs binne slangen, ûlen lykas de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus) en de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata), en martereftigen lykas de langsturtwezeling (Neogale frenata). Dêrnjonken bestiet der ek kâns op predaasje troch it Amerikaansk bargesnútstjonkdier (Conepatus leuconotus), de Noardamerikaanske katfret (Bassariscus astutus), de prêrjewolf (Canis latrans), de grize foks (Urocyon cinereoargenteus), de reade lynks (Lynx rufus) en de ferwyldere en nuete kat (Felis catus).

Status De Nayaritmûs hat de IUCN-status fan "kwetsber".

Undersoarten De Nayaritmûs is in monotypyske soarte, wat ynhâldt dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Wytpoatmûs Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Bedrige sûchdier