Puss in Boots: The Last Wish is in Amerikaanske kompjûteranimearre fantasy-aventoerekomeedzje út 2022 ûnder rezjy fan Joel Crawford. De titel betsjut "De Kat op Learzens: De Lêste Winsk". De Nederlânsk neisyngronisearre ferzje fan 'e film waard yn Nederlân en Flaanderen útbrocht ûnder de titel De Gelaarsde Kat 2: De Laatste Wens. Yn 'e orizjinele, Ingelsktalige ferzje waarden de haadrollen ynsprutsen troch Antonio Banderas en Salma Hayek. De film is in ferfolch op Puss in Boots út 2011, dy't sels wer in spin-off wie fan 'e Shrek-franchise.
It ferhaal folget de Kat op Learzens wannear't dy oars ûnferskrokken held yn 'e lytse loege rekket om't er oan it lêste fan syn njoggen libbens begûn is. Yn 'e mande mei syn eks-ferloofde, de dievegge Kitty Poezelpoatsje, en in hûntsje dat Perrito neamd wurdt, set er ôf op in kweeste om 'e Lêste Winsk fan 'e fallen Winskstjer te finen. Hy wol de winsk brûke om syn acht ferspile libbens werom te heljen. Mar der binne oare kapers op 'e kust, lykas Goudhierke en de Trije Bearen en de smjunt Jack Horner. Underwilens wurdt de Kat of Learzens persoanlik hjitfolge troch in sinistere, mei sichten bewapene wolf. Puss in Boots: The Last Wish krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses.
Plot Jierren nei syn aventoeren mei de oger Shrek (sjoch: Shrek 2, Shrek the Third en Shrek Forever After) is de Kat op Learzens tanksij syn njoggen libbens noch altyd aktyf as in legindaryske held. Nei't er ôfweeft hat mei de Sliepende Reus fan Del Mar (en en passant ek even de tirannike gûverneur fan dat plak foar gek set hat), wurdt er neitiid, as er posearret foar syn oanbidders, ferplettere troch in fallende tsjerkklok. De Kat op Learzens komt wer by besleur yn 'e behannelkeamer fan 'e pleatslike dokter, dy't der sterk by him op oanstiet en breidzje in ein oan syn aventoeren, mei't er no oan syn njoggende en lêste libben begûn is. De oerdwylske Kat op Learzens hat dêr yn 't earstoan gjin boadskip oan. Mar hy feroaret fan gedachten nei't er yn 'e pleatslike kroech ferwûne rekket en ûntwapene wurdt wylst er in duël útfjochtet mei in mei twa sichten bewapene wolf dy't er foar in preemjejager hâldt. Hy rekket traumatisearre troch it idee dat eltse misstap syn lêste wêze kin en beslút it advys fan 'e dokter op te folgjen. Dêrta nimt er syn yntrek by Mem Luna, in âld kattewyfke, om syn libben út te libjen as in nuete hûskat.
Ferskate moannen letter moetet de Kat op Learzens in optimistyske en naïve chihuahua mei in aaklike foarskiednis, dy't er Perrito (Spaansk foar "Hûntsje") neamt. Perrito slút himsels oan by de Kat op Learzens, dy't him mei tsjinnichheid by dy sitewaasje delleit. Koart dêrnei arrivearret de misdiefamylje fan Goudhierke en de Trije Bearen by Mem Luna. Sy wolle de Kat op Learzens ynhiere om harren te helpen in lânkaart te stellen dêr't de lokaasje fan 'e fallen Winskstjer op oanjûn stiet. Dejinge dy't dy stjer fynt, mei in winsk dwaan dy't yn ferfolling gean sil. De Kat op Learzens hâldt him beskûl en syn besikers sette wer ôf nei't se syn grêf oantroffen hawwe. Mar út harren praat is de Kat gewaar wurden wat se fan doel binne. En hy beslút dat hysels dejinge wêze moat dy't de Winskstjer fynt, sadat er syn acht ferlerne libbens weromwinskje kin.
Mei Perrito op sleeptou set de Kat op Learzens sadwaande ôf op in kweeste om 'e Winskstjer te finen. De lânkaart dêr't er ferlet fan hat, is op it stuit yn it besit fan 'e korrupte banketbakker en samler fan magyske artefakten "Grutte" Jack Horner. Dyselde wol sels de Winskstjer fine om te winskjen dat hy de útslutende behearsking kriget oer alle magy yn 'e wrâld, wat yn prinsipe delkomme sil op syn oerhearsking fan 'e hiele wrâld. Wylst er it banketfabryk binnenkringt om 'e lânkaart te stellen, komt de Kat op Learzens syn eks-ferloofde tsjin, de dievegge Kitty Poezelpoatsje (sjoch: Puss in Boots), dy't ek op 'e lânkaart út is. Nei wat tsierderij beslute se gear te wurkjen en naaie se mei Perrito trijeresom út mei de lânkaart. Jack wurdt gewaar wa't syn lânkaart stellen hat, en komt harren efternei mei in 'bakkersdozyn' (13) fan syn trewanten. Ek Goudhierke en de Trije Bearen sette de efterfolging yn, wylst de Kat op Learzens ta syn skrik út 'e fierte wei in mei sichten bewapene wolf sjocht.
De hiele kliber bedarret yn it Dûnkere Wâld, in subdiminsje wêryn't yllúzjes út it ûnthâld fan 'e reizgers wier wurde. Wannear't de Kat op Learzens of Kitty de lânkaart fêsthâlde, moatte se troch de ôfgryslikste plakken om 'e Winskstjer te berikken, mar it docht bliken dat de reis frijwol sûnder swierrichheden ferrint as de naïve Perrito de lânkaart fêsthâldt. Nettsjinsteande dat rekket it trio útinoar wannear't de Kat op Learzens op in stuit sûnder derby nei te tinken in stôk fuortsmyt, dêr't Perrito, hûn dat er is, efteroan bizet. Yn ôfwêzigens fan Perrito wurde de katten faninoar skaat troch in hommels opriizjende muorre fan glês. Kitty giet efter Perrito oan wylst de Kat op Learzens in útwei siket om him wer by syn selskipslju te jaan. Dêrby ûntdekt er de Spelonk fan 'e Ferlerne Sielen, dêr't wjerbylden fan syn acht ferlerne libbens de gek mei him hawwe omreden fan wat der fan him wurden is. De Kat op Learzens beslút dat er syn eardere selzen eins hielendal net lije mei. Ear't er in útwei fine kin, komt de wolf him wer tenei, dy't him fertelt dat er hielendal gjin preemjejager is, mar ynstee de Dea sels. Om't er misledige is dat de Kat gjin wearde hechte oan syn eardere libbens, wol er him no by wize fan bestraffing syn lêste libben ek ôfnimme. Yn panyk flechtet de Kat fuort, en as er by Kitty en Perrito lâns komt, negearret er harren en draaft er troch. Dêrtroch slagget it Goudhierke om Kitty de lânkaart te ûntfytmanjen.
Nei't Perrito de oerstjoere, hyperfentilearjende Kat op Learzens opspoard hat en tsjin him oan lizzen gien is, kalmearret er wer. Oan it hûntsje bychtet er syn eangst om te stjerren op, en teffens syn spyt dat er Kitty op 'e dei fan harren trouwen yn 'e steek litten hat, net wittende dat Kitty deunby is en alles hearre kin. Letter fertelt se him, ta syn folsleine ferrassing, dat sysels likemin opdaagjen kommen wie foar harren trouwerij. Hoewol't se fan him hold, wie se derfan oertsjûge rekke dat hy tefolle fan himsels hold om har leafde te beäntwurdzjen. De Kat op Learzens kin dat net ûntstride, mei't er sels sa stadichoan ek ta de konklúzje kommen is dat er foarhinne in selsfoldiene omkoal west hat. Troch de wittenskip dat Kitty net allinnich yn 'e kapel foar it alter stien hat te wachtsjen op in brêgeman dy't net kaam om't er biningsfrees hie, falt de Kat op Learzens lykwols in swier gewicht fan 'e skouders. Mei nije kriich stelle hy en Kitty de lânkaart werom fan Goudhierke en de Trije Bearen wylst dyselden ôflaat binne troch in ûnechte manifestaasje fan harren eigen blokhut yn it wâld.
Neitiid krije Goudhierke en Lytse Bear wurden. Yn 'e hite hei blaft it weesfamke Goudhierke derút dat sy de winsk brûke wol om har minsklike famylje werom te winskjen, mei't se it gefoel hat dat se net goed by har bearepleechfamylje past. Hoewol't se dêrmei fral Mem en Heit Bear op it sear komt, sizze dy ta om har te helpen by it yn ferfolling gean litten fan har winsk, mei't se withoefolle fan har hâlde en har gelokkich hawwe wolle.
Wannear't de katten de Fallen Stjer berikke, krije de Kat op Learzens en Kitty Poezelpoatsje spul om 'e lânkaart, dêr't no de wurden op ferskynd binne dy't útsprutsen wurde moatte om 'e winsk te dwaan. It docht bliken dat Kitty ek oanspraak makket op 'e winsk, om't se sa stomme graach immen hawwe wolle soe fan wa't se op oankin. Wannear't de Kat har lykwols fertelt dat de Dea him op 'e hakken sit en dat er mei syn lêste libben oan 'e gong is, stimt se der mei tsjinnichheid mei yn dat hy de winsk dwaan mei om syn acht ferlerne libbens werom te winskjen. Nettsjinsteande dat bliuwt se frustrearre oer de soargeleazens wêrmei't er syn earste acht libbens kwytrekke is. Foar't de Kat op Learzens de winsk útsprekke kin, arrivearje Goudhierke en de Trije Bearen en Jack. Der brekt in gefjocht om 'e lânkaart út, wêrby't Jack tydlik útskeakele wurdt as er troch Kitty yn syn eigen boaiemleaze tas opsletten wurdt.
It is Goudhierke dy't úteinlings de lânkaart wit te bemachtigjen, mar dan wurdt Lytse Bear hast oer de râne fan 'e Fallen Stjer hinne sûgd, wat syn dea wurde soe. Mem Bear grypt him fêst en wurdt hast meisûgd, mar Heit Bear hâldt har fêst. It slagget de beide âldere bearen lykwols net en skuor harren soan wer yn 'e Stjer. Wannear't Mem Bear har gryp ferliest en it dien liket te wêzen mei Lytse Bear, wurdt er lykwols rêden troch Goudhierke, dy't oer de beide oare bearen hinne klommen is om by har pleechbroer te kommen en dêrfoar har winsk opjûn hat. Pas no't se har pleechfamylje hast ferlern hat, beseft se dat it wier is wat Perrito har earder fertelde, dat sy de "pleechfamyljelotterij" wûn hat. Se hat gjin ferlet en winskje om in minsklike famylje, want se hat ommers al de bêste famylje dy't immen him mar winskje kin.
Wannear't de Kat op Learzens de lânkaart wer yn 'e hannen hat, arrivearret ynienen de Dea, dy't de Kat útdaget ta in duël. De Kat hat ûnderwilens foar it ferstân krigen dat in inkeld libben in dierber en weardefol ding is, en hy wegeret it op te jaan. Dat hy ferdigenet him fûleindich tsjin 'e Dea. Wannear't er dyselde ûntwapene hat, ferklearret er dat er wol begrypt dat er it fan 'e Dea nea winne kin, mar dat er likemin ea ophâlde sil mei fjochtsjen foar syn oerbleaune libben. Om't er dêrmei net mear de arrogante klier is dy't er earder wie, is foar de Dea de aardichheid derôf. Mei argewaasje sparret er de Kat op Learzens en jout er himsels ôf, hoewol't er de Kat warskôget dat se inoar lang om let op 'e nij moetsje sille. De Kat is no ree om 'e winsk oer te litten oan Kitty, mar sy fertelt him dat se no sûnder in winsk te dwaan al immen fûn hat fan wa't se op oankin.
Jack ûntsnapt oan 'e boaiemleaze tas troch in magysk flaubyt te iten dat him yn in reus feroaret. Mar wylst Perrito him ôfliedt, ferneatigje de Kat op Learzens, Kitty en Goudhierke trijeresom de lânkaart om derfoar te soargjen dat Jack syn winsk nea krije sil. As gefolch dêrfan giet Jack op yn 'e Fallen Stjer, dy't dêrnei eksplodearret. Neitiid bewissiget Goudhierke de Trije Bearen derfan dat sy har wiere famylje binne. Mei't de bearen swietbekken binne, beslute se it no liederleaze banketfabryk fan Jack oer te nimmen. De Kat op Learzens en Kitty Poezelpoatsje fermoedsoenje har mei-inoar en nimme Perrito oan as harren hûn. Dêrnei stelle se it skip fan 'e gûverneur fan Del Mar en sile de ûndergeande sinne yn 'e mjitte ûnderweis nei it Keninkryk Fier, Fier Fuort om dêr âlde freonen op te sykjen.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise oarspronklike ferzje akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje de Kat op Learzens Antonio Banderas Jon van Eerd Kitty Poezelpoatsje Salma Hayek Anna Drijver
byrollen personaazje akteur/aktrise oarspronklike ferzje akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje Perrito Harvey Guillén Jody Bernal Goudhierke Florence Pugh Holly Mae Brood Mem Bear Olivia Colman Monic Hendrickx Heit Bear Ray Winstone Frank Lammers Lytse Bear Samson Kayo André Dongelmans "Grutte" Jack Horner John Mulaney Jeroen Woe de Wolf / de Dea Wagner Moura Loek Peters Mem Luna Da'Vine Joy Randolph Joanne Telesford de dokter Anthony Mendez Murth Mossel it Etysk Ynsekt Kevin McCann Niels van der Laan gûverneur fan Del Mar Bernardo de Paula ? Jo Serpent Betsy Sodaro Julia Nauta Jenn Serpent Artemis Pebdani Sarah Nauta it Piperkoekmantsje Conrad Vernon Rolf Koster Pinokkio Cody Cameron Rolf Koster
Produksje en distribúsje Produksje