Albergen (Nedersaksysk: Albearge of Albeargn, Twintsk: Albearg) is in doarp yn 'e Twintske gemeente Tubbergen yn 'e provinsje Oerisel. It doarp telt ynwenners (). Albergen leit sân kilometer eastlik fan Almelo oan 'e N349.
Geografy Noardlik fan it doarp lizze benammen karakteristike houtwâlen en meänderjende iesgrûnen, wylst it kanaal Almelo-Nordhorn oan 'e súdkant de grins fan it doarp foarmet.
Skiednis It doarp stiet al sûnt de 15e iuw yn 'e skiednisboeken fermeld, meidat der doe it Sint-Antoniuskleaster stichte waard. Dat kleaster hat op it plak stien fan 'e hjoeddeiske Sint-Pankratiustsjerke. Johannes fan Lochem, prior fan it kleaster, skreau dêr tusken 1520 en 1525 syn kronyk, dy't yn 1995 yn in Nederlânske oersetting útbrocht waard. Dizze wichtige tiid yn 'e skiednis fan Albergen is werom te finen yn 'e hjoeddeiske strjitnammen fan it doarp.
Foarhinne hat der op it doarpsgebite fan Albergen it kastiel Weemselo stien. Letter waard dat in havesate. Op 1 april 1675 gie it bouwurk troch brân ferlern. Hjoed-de-dei binne der gjin boppegrûnske resten mear fan oer, mar de fûneminten lizze noch yn 'e grûn en it terrein hat in beskerme archeologyske status. thumb|left|Kriichsgrêven Op it roomske tsjerkhôf lizze sân kriichsgrêven. Op 13 maaie 1943 stoarte in Britske Lancaster-bommesmiter del by de Vleerboersweg yn Albergen, wêrby't twa manlju om it libben kamen. Op 29 desimber 1943 waard yn 'e buert in Kanadeeske Halifax-bommesmiter troch in Dútske nachtjager delsketten. De omkommen manlju waarden yn Albergen begroeven.
Tsjerke De eardere Sint-Pankratiustsjerke waard yn febrewaris 2021 oan 'e earetsjinst ûntlutsen en is dêrnei ferboud ta in bedriuwesintrum mei de namme "Het Klooster", in ferwizing nei it histoaryske kleaster dat op itselde plak stie.
Kultuer It doarp hat in roomske basisskoalle. It doarp hat in ryk ferieningslibben, wêrby't benammen karnavalsferiening "De Alberger Bökke" en de yn 1932 oprjochte roomsk-katolike hân- en fuotbalferiening RKSV De Tukkers in relatyf grut ledetal hawwe.
Alle jierren hâldt Albergen de earste grutte karnavalsoptocht fan Twinte mei dêrnei in grut karnavals(tinte)feest. Tûzenen minsken út de hiele regio komme op 'e festiviteiten ôf, dy't organisearre wurde troch karnavalsferiening "De Alberger Bökke" en jongereinkarnavalsferiening "De Bokk'n Hörnkes". Mei Pinkster wurde der tradisjonele folksfeesten fierd dêr't tal fan lanlik bekende artysten op it poadium steane.
Njonken de folksfeesten stiet it doarp bekend om oare eveneminten, lykas Paaspop Albergen, in tintefeest dat alle jierren op 'e Earste Peaskedei organisearre wurdt troch de pleatslike jongereinkarnavalsferiening. De 24-oeren Solexrit Albergen fynt alle jierren plak yn it twadde wykein fan septimber. By dy rit ride teams fjouwerentweintich oere lang yn en om Albergen. De KDD Mid-Summerparty is in tintefeest dat alle jierren yn it earste wykein fan septimber plakfynt.
Keppeling om utens Hiemkunde Albergen-Harbrinkhoek
Kategory:Plak yn Tubbergen