Tubbergen (Nedersaksysk: Tubbige, Tubbig, Tubbargen of Tubboargen) is in gemeente yn 'e provinsje Oerisel, mei ynwenners (, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 147,48 km². De gemeente Tubbergen is op 16 novimber 1811 oprjochte en it gemeentehûs stiet yn Tubbergen.

Religy en polityk De gemeente Tubbergen stiet tradisjoneel yn Nederlân bekend as tige roomsk-katolyk. De tsjerkegong wie dêr massaal en de gemeente hie it heechste persintaazje KVP- en letter CDA-stimmers fan hiel Nederlân (60,99% by de gemeenteriedsferkiezings fan 2018). Dit is benammen te sjen yn 'e âldere lagen fan 'e befolking. Yn 2023 waard by de lannelike ferkiezings lykwols yn 'e gemeente de NSC fan Pieter Omtzigt mei 32,8% fan de stimmen de grutste partij, wylst de PVV mei 25,9 de twadde waard en de BBB mei 15,9% de tredde. It CDA helle yn dat jier mar 3,6% fan 'e gemeentlike stimmen.Tubantia, De loyale kiezer in Tubbergen zwalkt: ‘Ik sla de stemwijzer er nog eens op na’, 13 maart 2026.

Skiednis Yn 'e jierren 1970-1979 kaam de gemeente yn it nijs fanwegen in grut miljeuskandaal. Tichteby it tsjerkedoarp Vasse waard in sânôfgraving jierrenlang brûkt as iepen stoartplak foar gemysk ôfeart. Dat stoart stie by de befolking bekend as 'De Teerkuil'. Dy namme wie ûntstien om't de ôfgraving ûnder wetter stie, dat troch de grutte hoemannichte gemysk ôffal dêryn letterlik roetswart wie. Ek de grûn om 'e ôfgraving hinne wie tige slim fersmoarge; alle planten en beammen dy't dêr ea stien hiene, wiene dea. Nei't it skandaal oan it ljocht kaam, waard de slimste fersmoarging provisoarysk opromme. Dat 'opromjen' hold feitlik neat oars yn as it neutralisearjen fan 'e soertarre mei kalk. Yn 2011 waard bekend dat de provinsje Oerisel mei in definitive oplossing komme soe foar de tarreput fan Vasse.

Yn 1971 kaam Tubbergen yn it nijs fanwegen in boere-opstân oer de stimming oer de ruilferkaveling. Op 21 desimber dat jier wie dêr opskuor mei grutskalige fernielings. Dêrby waard ûnder oaren it hûs fan 'e boargemaster troch brân skansearre. De Mobile Ienheid moast derby komme om de boel del te bêdzjen.

Yn augustus 2022 ûntstie der ûnrêst yn Tubbergen om't de gemeente fan doel wie om in hotel as asylsikerssintrum oan te wizen. Yn 'e simmer fan dat jier knypte it yn it asylsikerssintrum fan Ter Apel troch in grut tekoart oan sliepplakken, en dêrom waard der socht nei oare lokaasjes. Hoewol't de petearen mei de gemeente al útein set wiene, joech wethâlder Ursala Bekhuis oan dat it beslút fan it Sintraal Orgaan opfang Asylsikers har oer it mad kaam. Yn Tubbergen gyngen ynwenners de strjitte op om tsjin it beslút te protestearjen. Twa wiken nei it beslút ûntstie der brân yn it oanwiisde hotel. De plysje tocht dat dy brân oanstutsen wie.

Doarpen Plaknamme Ynwenners Albergen Fleringen Geesteren Harbrinkhoek Langeveen Manderveen Mariaparochie Reutum Tubbergen Vasse

Fierder telt de gemeente noch in oantal buorskippen: Hezingen, Haarle, Klossehoek, Mander, West-Geesteren.

Kategory:Gemeente yn Oerisel Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1811