Fleringen is in doarp yn 'e Twintske gemeente Tubbergen (provinsje Oerisel). It doarp leit tusken Albergen en Weerselo en hat ynwenners ().
Tsjerke thumb|left|Tsjerke fan Fleringen (no it kulturele sintrum). De roomske Tsjerke fan it Unbesmodske Hert fan Marije yn Fleringen waard mei in lêste eucharistyfiering op 13 novimber 2022 oan 'e earetsjinst ûntlutsen. Dêrnei waard de tsjerke it kultureel sintrum fan it doarp. In diel fan it gebou is as Marijekapel ynrjochte.
Herinckhave Krekt bewesten Fleringen leit de histoaryske havesate Herinckhave, ien fan 'e pear states yn 'e krite dy't noch altyd troch de oarspronklike aadlike famylje (Van Grubbe, letter Von Bönninghausen) bewenne wurdt. De earste fermelding fan 'e havesate datearret al út 1385. Yn 'e 18e iuw krige it syn hjoeddeiske foarm mei in grêft, in foarhôf en in park yn 'e Ingelske lânskipsstyl. Op it lângoed stiet ek in wettermûne út 1822.
Krúsbeam thumb|left|De Kroezeboom. Op 'e Fleringer Ies stiet ien fan e bekendste en âldste beammen fan Twinte: de Fleringer kroezeboom (krúsbeam). Dizze âlde ikebeam datearret nei alle gedachten út de 16e of 17e iuw. Yn it ferline tsjinne de krúsbeam faak as markearring fan 'e grins fan 'e ies, mar ek as rêstplak foar religieuze prosesjes en as in plak dêr't rjocht sprutsen waard. Hjoed-de-dei is de monumintale beam in beskermd natuer- en kultuerhistoarysk monumint.
Mûne Noardeastlik stiet tichteby it doarp de Gröbbemûne of Fleringer mûne. De mûne waard yn 1846 boud op in ferheging. De mûne ferfong in houten oalje- en nôtmûne út 1822, dy't ôfbaarnd wie. De mûne waard oarspronklik yn opdracht fan 'e hear fan Herinckhave boud, om't de wettermûne by de havesate simmerdeis te min wetter hie om te meallen.
Kategory:Plak yn Tubbergen