De Marañónstrûkgoars (Arremon nigriceps) is in hast bedrige soarte fûgel út 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarzen (Passerellidae). Hy komt foar yn Ekwador en Perû.

Beskriuwing De Marañónstrûkgoars is sawat 15 sm lang. Mantsjes en wyfkes ha itselde fearrekleed. Folwoeksen fûgels hawwe in foar it grutste diel swarte kop mei in wite kiel en in brede wite streek fan boppe it each oer de kopsiden nei efteren. De boppedielen en sturt binne oliifgrien. De lytse wjukdekfearren binne oliifgrien en de rest is griis; guon eksimplaren hawwe lytse ljochte rânen dy't twa wjukbannen foarmje. De slachpinnen binne donker mei blaugrize rânen. De kiel is wyt mei in swarte bân derûnder oer it boppeboarst. De flanken binne griis en de rest fan 'e ûnderkant is wyt. Se hawwe in brune iris, in swarte snaffel en swarte poaten.

Taksonomy en systematyk De Marañónstrûkgoars waard yn 1880 formeel beskreaun troch de Poalske soölooch Władysław Taczanowski op basis fan ien eksimplaar dat sammele wie troch de Poalske soölooch Jan Sztolcman yn Callacatein yn it departemint Cajamarca yn noardlik Perû. Taczanowski joech de binominale namme Arremon nigriceps, wêrby't de soartnamme gearstald is út it Latynske niger ("swart") en -ceps ("-koppich").

De Marañónstrûkgoars waard earder as ûndersoarte fan 'e swartkrúnstrûkgoars (Arremon abeillei) beskôge. Op basis fan ferskillen yn 'e fearren en it lûd en in grutte genetyske ôfstân begûnen taksonomyske autoriteiten de twa yn 2016 te skieden. De IOC, AviList, de Clements-taksonomy en BirdLife International's Handbook of the Birds of the World hawwe dizze opsplitsing oernommen. Ut in stúdzje út 2022 die bliken dat de beide soarten sustersoarten binne.

Fersprieding en leefgebiet De Marañónstrûkgoars komt foar yn it hegere streamgebiet fan 'e Marañón. Syn fersprieding begjint by de sydrivier de Chinchipe yn it uterste suden fan 'e Ekwadoraanske provinsje Zamora-Chinchipe en rint nei it suden yn Perû oant tichteby de boarne fan 'e Marañón yn it súdlike departemint Amazonas. Hy bewennet foaral drûge tropyske leafwâlden en wâlden oan rivieren; lokaal komt er ek foar yn fochtiger griene wâlden. De soarte libbet oant hichten fan 1.800 meter.

Hâlden en dragen De Marañónstrûkgoars is in stânfûgel dy't it hiele jier troch bliuwt.

It dieet fan 'e Marañónstrûkgoars is net ûndersocht; oannommen wurdt dat it bestiet út ynsekten, sied en fruchten. Hy wurdt meastentiids allinnich of yn pearkes sjoen. Hy skarrelet op 'e grûn of tichteby de grûn yn it lege strûkgewaaks en wurdt hast nea yn mingde fûgelkloften sjoen.

Der is neat bekend oer de briedbiology fan 'e Marañónstrûkgoars.

Status en bedriging De IUCN klassifisearre de Marañónstrûkgoars oarspronklik yn 2016 as net bedrige (Least Concern, LC), mar sûnt 2024 as kwetsber (Near Threatened, NT). De omfang fan 'e populaasje is net bekend, mar der wurdt tocht dat de soarte yn oantallen tebekrint. De soarte is kwetsber foar it ferlies en de degradaasje fan leefgebiet, benammen troch houtkap en de útwreiding fan lânbou en feehâlderij. Houtkap liket op dit stuit lytsskalich te wêzen. De fûgel wurdt yn Perû as frij algemien beskôge.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Perû