De griisbraustrûkgoars (Arremon assimilis) is in fûgel yn 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Skaaimerken De griisbraustrûkgoars is in swiere, robúste fûgel mei in oliifgriene boppekant en in wite ûnderkant, dy't op 'e flanken wat griiseftich is. De kop is dúdlik streke yn it swart en griis. Mantsjes en wyfkes hawwe itselde fearrekleed.

Fersprieding en systematyk De griisbraustrûkgoars wurdt ferdield yn fjouwer ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Arremon assimilis larensis – komt foar yn 'e Andes fan westlik Fenezuëla (westlik Lara en westlik Táchira) Arremon assimilis assimilis – komt foar yn 'e Andes fan Kolombia oant westlik Fenezuëla, Ekwador en noardwestlik Perû Arremon assimilis nigrifrons – komt foar yn 'e Andes yn súdwestlik Ekwador (El Oro en Loja) en noardwestlik Perû Arremon assimilis poliophrys – komt foar yn 'e Andes yn sintraal en súdeastlik Perû (Huánuco, Junín en Cuzco)

Earder waard er as in ûndersoarte fan Arremon torquatus behannele. Dy lêste is lykwols opdield yn ferskate soarten nei't ûndersyk ferskillen útwiisde yn genetyk, lûd, oansjen en ekology.

Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarzen yndield by de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae), dêr't de Jeraziatyske en Afrikaanske goarzen ta hearre. Ut ferskate genetyske ûndersiken die lykwols bliken dat se in aparte groep foarmje dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en ferskate famyljes mei mar in lyts oantal endemyske soarten yn it Karibysk gebiet.

Hâlden en dragen De griisbraustrûkgoars libbet yn berchgebieten op hichten tusken 1500 en 3000 meter, mar kin lokaal leger sjoen wurde oant nei 500 meter boppe de seespegel. Pearkes sykje nei iten yn 'e ûnderbeplanting fan berchwâlden, gauris op of hiel tichteby de grûn.

Status en bedriging De soart hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt oannommen dat de soarte yn oantallen tebekrint. De Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soarte lykwols as net bedrige (Least Concern, LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla