Reutum is ien fan 'e njoggen tsjerkedoarpen yn 'e Twintske gemeente Tubbergen yn 'e provinsje Oerisel. Reutum leit likernôch tsien kilometer noardwestlik fan Oldenzaal en telt () ynwenners.

De beboude kom fan it doarp is sûnt 1990 groeid en dêrmei is it doarp minder agrarysk woarn. De bewenners binne tige meiïnoar en der is in ryk ferieningslibben. It doarp hat noch in eigen fuotbalferiening (VV Reutum), in follybalferiening, de muzykferiening Sint-Joazef, in kloatsjittersferiening en karnavalsferiening De Pin'n.

Tusken Reutum en Weerselo stiet de nôtmûne De Vier Winden. De mûne stiet op it grûngebiet fan 'e gemeente Tubbergen yn it doarpsgebiet fan Reutum, mar wurdt troch de lizzing net fier fan Weerselo ek wol de Weerselose Molen neamd.

Yn Reutum stie fan 1646 oant 1800 de state Woeste.

Tsjerke De HH. Simon- en Judastsjerke fan it doarp waard op freed 4 april 2025 formeel oan 'e earetsjinst ûntlutsen mei in lêste ôfskiedsfiering. It doarp hat it tsjerkegebou oankocht om it te ferbouwen ta it nije Kultuurhoes foar de mienskip.

Toerisme De omjouwing fan it doarp wurdt karakterisearre troch it ôfwikseljende Twintske kûlisselânskip mei âlde beammen en karakteristike boerehiemen en in soad kuier- en fytstochten. Reutum leit ek oan it saneamde Hilligenpad, in pylgerrûte troch it lânskip dy't bylâns Marijekapellen, kleasterpaden, grêfheuvels en urnefjilden út de foarkristlike tiid giet.

Ofbylden

Kategory:Plak yn Tubbergen