De swartkrúnstrûkgoars (Arremon abeillei) is in fûgel yn 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Skaaimerken De swartkrúnstrûkgoars is in fûgel mei swart boppe it each en op 'e krún, dat skieden wurdt troch in wite wynbraustreek dy't nei efteren ta trochrint. De rêch is griis.

Fersprieding en systematyk De swartkrúnstrûkgoars komt foar yn drûge strûkbosken fan Ekwador (Manabí) oant noardwestlik Perû (Cajamarca). De nau besibbe Marañónstrûkgoars (Arremon nigriceps) waard earder as in ûndersoarte fan 'e swartkrúnstrûkgoars beskôge, mar wurdt sûnt 2016 troch BirdLife International en de IUCN as aparte soarte beskôge en sûnt 2024 ek troch de IOC.

Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarzen yndield by de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae), dêr't de Jeraziatyske en Afrikaanske soarten ta hearre. Ut ferskate genetyske ûndersiken die lykwols bliken dat se in aparte groep foarmje dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en ferskate famyljes mei mar in lyts tal endemyske soarten yn it Karibysk gebiet.

Status De IUCN kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Perû