De boarstbânstrûkgoars (Arremon taciturnus) is in fûgel yn 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels yn it skift fan 'e moskeftigen.

Skaaimerken De boarstbânstrûkgoars is fûgel mei in goed werkenbere tekening. De boppegkant is felgrien, de kop is swart mei wite streken boppe it each en oer it midden fan 'e krún. Hy hat in kontrastearjende wite kiel. It mantsje is ljochtgriis oan 'e ûnderkant mei swarte plakken op de boarstsiden dy't gauris in folsleine boarstbân foarmje. It wyfke liket op it mantsje, mar de ûnderkant hat in bêzje-eftige kleur sûnder swarte tekening. Sawol de sang as de rop binne hiel helder.

Fersprieding en systematyk De boarstbânstrûkgoars wurdt ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Arremon taciturnus taciturnus – komt foar fan eastlik Kolombia oant súdlik Fenezuëla, Guyana en it Amazônegebiet yn Brazylje; Arremon taciturnus nigrirostris – komt foar fan tropysk súdeastlik Perû oant noardlik Bolivia en noardwestlik Argentynje.

De gielsnaffelstrûkgoars waard earder kategorisearre as ûndersoarte fan 'e boarstbânstrûkgoars.

Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarzen yndield by de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae), dêr't de Jeraziatyske en Afrikaanske soarten ta hearre ta hearre. Ut ferskate genetyske ûndersiken die lykwols bliken dat se in aparte groep foarmje dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en ferskate famyljes mei mar in lyts tal endemyske soarten yn it Karibysk gebiet.

Hâlden en dragen De boarstbânstrûkgoars komt foar yn it tichte leechhout fan reinwâlden. Hy libbet foaral yn gebieten mei tichtere ûnderbeplanting fan heechwoeksen reinwâld, oan streamende wetters, yn ravinen en yn iepen plakken dy't ûnstiene troch omfallen beammen. De soart wurdt faak by omdoarmjende kloften fan mingde strûkgoarzen waarnommen en kin dan dreech te ûnderskieden wêze as er behindich oer de grûn skarrelet.

Status De IUCN kategorisearret de soart as net bedrige (Least Concern, LC). Der wurdt tocht dat de oantallen fan 'e soarte tebekrinne.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname