De Magelhaenielgoes (Leucocarbo magellanicus) is in Súdamerikaanske fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels yn it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes).

Skaaimerken thumb|left|Magelhaenielguozzen yn briedkleed mei jongen. De Magelhaenielgoes is in middelgrutte ielgoes fan 66 sintimeter mei in donkere boppekant, kop en boarst, wylst de rest fan 'e ûnderkant wyt is. Hy hat in reade gesichtshûd, in swarte snaffel en swarte dijen. Yn 'e briedtiid is it donkere part fan it fearrekleed swart mei in griene of fiolette glâns. Fierders hat er wite earplomkes en wite triedfearkes oan 'e ûnderkant.

Yn 'e winter is de boppekant mear brún en hat er in wikseljende hoemannichte wyt op it kin, de kiel en de hals. Jonge fûgels binne ek brúnich-wyt.

Fersprieding en systematyk De Magelhaenielgoes briedt oan 'e kust fan súdlik Súd-Amearika, fan 37° súderbreedte yn Sily oant 50° súderbreedte yn Argentynje en op 'e Falklâneilannen. Nei de briedtiid ferspriedt er him nei it noarden, oant 33° súderbreedte yn Sily en 35° súderbreedte yn Oerûguay.

De soarte wurdt as monotypysk beskôge, dat wol sizze dat er net yn ûndersoarten ferdield wurdt.

Sibskip De Magelhaenielgoes waard earder tradisjoneel yn it skaai Phalacrocorax pleatst. Nei genetysk ûndersyk, dêr't út bliken die dat Phalacrocorax út relatyf âlde evolúsjonêre linen bestiet, is it skaai opdield yn ferskate lytsere skaaien. De Magelhaenielgoes en syn besibbe soarten binne dêrby ûnderbrocht yn it skaai Leucocarbo.

Sibskip fan 'e ielguozzen De taksonomy fan 'e ielguozzen hat lange tiid in ûnderwerp fan diskusje west. Tradisjoneel waarden se yn it skift fan 'e pilekaaneftigen (Pelecaniformes) yndield, mar se waarden ek wol by de eiberteftigen (Ciconiiformes) yndield. Ut molekulêr en morfologysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de pilekaaneftigen as takson in parafyletyske groep foarmen. Dêrom binne de ielguozzen ferhûze nei it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei de fregatfûgels, ginten en slangehalsfûgels.

Hâlden en dragen De Magelhaenielgoes komt foar oan seekusten, dêr't er tusken oktober en desimber yn lytse koloanjes op rotsen briedt. De fûgel is it hiele jier troch sosjaal.

Status en bedrigingen De populaasje fan 'e soarte is net rûsd en de populaasjetrend is ûnbekend, mar it ferspriedingsgebiet is relatyf grut. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) beskôget de soarte net as bedrige en kategorisearret him dêrom yn 'e kategory net bedrige (Least Concern, LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wytbúkielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan