De Chathamielgoes (Leucocarbo onslowi, synonym: Phalacrocorax onslowi) is in fûgelsoarte út it skaai wytbúkielguozzen (Leucocarbo) yn 'e famylje fan 'e ielguozzen. De soarte komt allinnich foar oan 'e kust fan 'e Chathameilannen, dy't by Nij-Seelân hearre. De soarte briedt yn lytse koloanjes en libbet benammen fan fisk. De IUCN klassifisearret de soarte as krityk bedrige (Criticaly endangered, CR).

Skaaimerken Chathamielguozzen wurde maksimaal 63 sm lang en weagje 1.790 oant 2.525 gram. Der is in dúdlik ferskil tusken de skaaien: mantsjes binne wat grutter en swierder as wyfkes.

De soarte liket sterk op 'e gruttere wratielgoes, mar hat wat minder wyt op 'e wjukken. De basis fan 'e snaffel en de bleate hûd fan it gesicht binne read en dy reade hûd rint oant om it each hinne. Boppe de basis fan 'e boppesnaffel sitte, benammen yn it briedseizoen, opfallende gielkleurige wrateftige bultsjes. De grize snaffel is, yn ferhâlding ta de fûgel, koarter en smeller as dy fan 'e wratielgoes. De iris is blau en de poaten binne rôze.

By jonge fûgels binne de swarte fearren brún. De wite wjuktekening fan folwoeksen fûgels kin by jonge fûgels al wat sichtber wêze troch ljochtere fearren op dat plak.

Yn it ferspriedingsgebiet kin de Chathamielgoes net mei in oare soarte betiizge wurde. It is de iennichste ielgoessoarte op 'e Chathameilannen mei in wite ûnderkant fan it lichem en rôze poaten. De soarte wurdt dêr ek net tegearre mei oare ielguozzen waarnommen.

Fersprieding en leefgebiet De Chathamielgoes is endemysk foar de Chathameilannen fan Nij-Seelân. De soarte komt foar yn ûndjippe kustwetters en baaien, mar net op 'e iepen see.

It is in stânfûgel en jonge fûgels hawwe gjin oanstriid om har fier fan it briedgebiet te fersprieden.

Iten It iten bestiet foaral út lytse fisken, mar oer de krekte gearstalling is net folle bekend. Lykas oare ielguozzen fangt de Chathamielgoes syn proai troch te dûken en dy ûnder wetter te efterfolgjen. Soms wurkje ferskate fûgels gear by it fiskjen.

Om't it fearrekleed wetter opnimt, moatte de fearren nei in dûk droege wurde. De fûgel spreidt dêrfoar de wjukken út en lit it fearrekleed troch de sinne of de wyn droegje.

Briedtiid en briedgedrach Oer it briedgedrach fan 'e Chathamielgoes is mar in bytsje bekend. It briedseizoen begjint tusken septimber en desimber, ôfhinklik fan it fiskoanbod.

De soarte briedt yn lytse koloanjes op rotsige kustdielen en op rotsige eilannen foar de kust. It nêst bestiet benammen út lytse tûkjes, algen en gers, en wurdt meastentiids op flakke hellingen of op in flakke ûndergrûn boud. Mei ekskreminten wurdt it nêst steviger makke.

Meastal wurde trije aaien lein. De piken komme neaken út it aai en krije nei in pear dagen in brún dúnspakje. Jonge Chathamielguozzen wurde soms sa bot lestichfallen troch sulverkopmiuwen, dat se har iten wer opkoarje.

Systematyk Lykas by in soad oare ielguozzen is de krekte systematyske posysje fan 'e Chathamielgoes ûnderwerp fan diskusje. De soarte heart by in groep ielguozzen fan it Súdlik healrûn dy't op basis fan faak lytse morfologyske ferskillen yn ferskillende soarten opdield binne. De jildichheid fan dy yndieling wurdt betwifele. In definitive opheldering mei genetysk ûndersyk is der noch net. Guon wittenskippers beskôgje de Chathamielgoes as in ûndersoarte fan 'e wratielgoes.

Status en bedriging De IUCN klassifisearret de Chathamielgoes as krityk bedrige (CR), om't de totale populaasje op minder as 700 fûgels (2011) rûsd wurdt en dy de lêste jierren sterk ôfnaam is. Fan 1997 oant 2011 is de folsleine populaasje mei 58% ôfnommen. Bedrigingen binne ûnder oare fersteuring fan 'e briedkoloanjes troch lânbou en predaasje troch ferwyldere katten en yntrodusearre rotten. Troch it tige beheinde ferspriedingsgebiet kin de soarte ferliezen mar tige stadich opfange.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Wytbúkielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn de Chathameilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan