It fûgelskaai fan 'e wytbúkielguozzen (Leucocarbo) heart ta de famylje fan 'e ielgoesfûgels en telt ferskate soarten dy't foar it meastepart lânseigen binne yn 'e subantarktyske gebieten, mei útsûndering fan 'e guano-ielgoes dy't mear nei it noarden ta oan 'e kust fan Súd-Amearika libbet.

Dizze fûgels ha in opfallend wite búk, in donker glânzgjend fearrekleed boppe en se ha in blau each. De measte soarten ha yn 'e briedtiid giele oant oranje wrateftige bultsjes by de snaffel. Ferskillende soarten binne endemysk en se libje faak op isolearre eilannen, lykas de Aucklandeilannen, de Bounty-eilannen en Heard- en McDonaldeilannen.

De typesoarte fan it skaai fan 'e wytbúkielguozzen is de keizerielgoes (Leucocarbo atriceps), dy't yn 1828 troch de Britske marine-offisier en ûntdekkingsreizger Phillip Parker King wittenskiplik beskreaun is.

Soarten Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding IUCN-status 120px Aucklandielgoes Leucocarbo colensoi Endemysk op 'e Aucklandeilannen (Nij-Seelân) 200pxLeucocarbo colensoi op BirdLife 120px Bounty-ielgoes Leucocarbo ranfurlyi Endemysk op 'e Bounty-eilannen (Nij-Seelân) 200pxLeucocarbo ranfurlyi op BirdLife 120px Campbellielgoes Leucocarbo campbelli Endemysk op 'e Campbelleilannen (Nij-Seelân) 200pxLeucocarbo campbelli op BirdLife 120px Chathamielgoes Leucocarbo onslowi Endemysk op 'e Chathameilannen (Nij-Seelân) 200pxLeucocarbo onslowi op BirdLife 120px guano-ielgoes Leucocarbo bougainvilliorum Kusten fan Peru en Sily (Súd-Amearika) 200pxLeucocarbo bougainvilliorum op BirdLife 120px keizerielgoes Leucocarbo atriceps Súdlik Súd-Amearika, Falklâneilannen en subantarktyske eilannen 200pxLeucocarbo atriceps op BirdLife 120px Magelhaenielgoes Leucocarbo magellanicus Súdlik Súd-Amearika en Fjoerlân 200pxLeucocarbo magellanicus op BirdLife 120px Stewartielgoes Leucocarbo chalconotus Sudereilân en Stewarteilân (Nij-Seelân) 200pxLeucocarbo chalconotus op BirdLife 120px wratielgoes Leucocarbo carunculatus Endemysk op 'e eilannen yn 'e Strjitte fan Cook (Nij-Seelân) 200pxLeucocarbo carunculatus op BirdLife

Kategory:Ielgoesfûgel Kategory:Fûgelskaai