Justus fan Triëst (ek wol "Justus de Martler" of "Just fan Triëst"; Italjaansk: San Giusto di Trieste, San Giusto martire; stoarn op 2 novimber 293) is in hillige dy't fereare wurdt yn 'e eastersk-otterdokse en de roomske tsjerke.
Biografy Neffens syn passio (it ferslach fan syn proses en dea) wie Justus in ynwenner fan Triëst yn Itaalje en stie hy bekend om syn goede wurken en goederjouwskens. Doe't oare ynwenners him beskuldigen dat er kristen wie, waard er neffens it Romeinske rjocht foar it rjocht brocht. Om't er wegere om oan 'e Romeinske goaden te offerjen, waard er skuldich ferklearre oan hillichskeining en ta de dea troch ferdrinking feroardiele. Neffens in pleatslike tradysje waard er fanút in lyts boatsje foar de kust yn 'e Golf fan Triëst smiten.
Yn 'e nacht fan Justus syn dea krige de preester Sebastianus yn in dream te hearren dat Justus syn lichem oan wâl oanspield wie, ek al hiene se gewichten oan Justus bûn dy't syn lichem ûnder wetter hâlde moasten. Sebastianus gyng mei oare kristenen sykjen nei it lichem en fûnen it lichem fan Justus op it plak dat hjoed-de-dei Riva Grumula hjit. Dêrnei waard Justus op it plak dêr't er fûn wie begroeven.
Yn 'e lette Aldheid wie it gebiet by de Piazza Hortis yn Triëst in begraafplak. Der is dan ek in goede mooglikheid dat de eardere basilyk fan 'e Hillige Martlers, op 'e hoeke fan 'e Via Ciamician en Via Duca d'Aosta, boppe it grêf fan Justus boud is.
Yn 'e Midsiuwen waard it lichem fan Justus oerbrocht nei in kapel njonken de hjoeddeiske domtsjerke dy't al sûnt de 6e iuw neamd wurdt. Doe't de kapel yn 'e 10e of 11e iuw oan 'e tsjerke boud waard, waard de oarspronklik oan Marije wijde katedraal bekend as de katedraal fan Sint-Justus.
Ferearing Justus is de patroanhillige fan 'e stêd en it bisdom Triëst. Hy is ek de patroanhillige fan Labin (yn Istrje), San Giusto Canavese en Misilmeri op Sisylje.
Syn feestdei is 2 novimber, mar om liturgyske redenen wurdt de fiering derfan ferskood nei de folgjende dei. Dêrom wurdt 3 novimber faak as de datum fan syn feestdei neamd. De iere ôfbyldingen fan 'e hillige binne beheind ta Triëst sels, en dan benammen ta de katedraal. It giet om:
in siden ikoan yn 'e skatkeamer fan 'e katedraal; it 12e-iuwske mozayk yn 'e lofterapsis, dêr't Justus ôfbylde is mei Sint-Servulus; it romaanske byld op 'e klokketoer; in rige fresko's dy't yn 1959 yn 'e katedraal ûntdutsen binne; in 14e of 15e-iuwsk miniatuer yn it breviarium út 'e 14e/15e iuw fan it kapittel fan 'e katedraal fan Triëst.
Kategory:Triëst Kategory:Romeinsk hillige Kategory:Roomsk-katolyk hillige Kategory:Eastersk-otterdoks hillige Kategory:Persoan stoarn yn 293