Märtha Sofia Lovisa Dagmar Thyra fan Sweden (Stockholm Sweden, 28 maart 1901 - Oslo, 5 april 1954), wie in Sweedske prinses. Fan 1929 oant har dea wie hja kroanprinses-gemalin fan Noarwegen.
Märtha wie de dochter fan prins Karel fan Sweden en prinses Ingeborg fan Denemark en in âldere suster fan de lettere Belgyske keninginne Astrid. Op 21 maart 1929 troude hja mei de Noarske kroanprins Olaf. Märtha en Olaf wiene neef en nicht (Märtha's mem wie in suster fan kening Haakon VII) en it houlik betsjutte in ferbettering fan de betrekkingen tusken Noarwegen en Sweden. Fiifentweintich jier earder wie de uny tusken Noarwegen en Sweden opheft, en waard de pake fan Märtha, Oscar II fan Sweden fan de Noarske troan stjitten.
It pear krige trije bern: Ragnhild (1930-2012) Astrid (1932) Harald V (1937-2026)
Hoewol't it houlik op it earste each in ferstânshoulik like, wie it dochs gelokkich. Yn 1979 sei Olaf V dat de dei fan syn houlik mei Märtha de lokkichste dei fan syn libben wie. Prinses Märtha ferstoar yn 1954 oan de gefolgen fan kanker, trije jier foardat har man kening Haakon VII opfolgje soe.
Stambeam Märtha fan Sweden(1901-1954) Heit: Karel,hartoch fan Västergötland(1861–1951) Pake:Oscar II,Kening fan Sweden & Noarwegen(1829–1907) Oerpake:Oscar I,Kening fan Sweden & Noarwegen(1829-1907) Oerbeppe:Josephinefan Leuchtenberg(1807-1876) Beppe:Sophia,Keninginne fan Sweden & Noarwegen(1836–1913) Oerpake:Willemfan Nassau(1792-1839) Oerbeppe:Pauline,fan Württemberg(1810-1856) Mem:Ingeborg fan Denemark(1878-1958)Pake:Freark VIII,Kening fan Denemark(1843-1912) Oerpake:Kristiaan IX,Kening fan Denemark(1818-1906) Oerbeppe:Louise,Keninginne fan Denemark(1817-1898) Beppe:Louise,Keninginne fan Denemark(1851-1926) Oerpake:Karel XVKening fan Sweden & Noarwegen(1826-1872) Oerbeppe:Louise,Keninginne fan Sweden & Noarwegen,prinsesse fan Oranje-Nassau(1828-1871)
Kategory:Lid fan it Sweedske keningshûs Kategory:Sweedsk persoan fan Deensk komôf Kategory:Sweedsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Sweedsk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Sweedsk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Lid fan it Noarske keningshûs Kategory:Noarsk persoan fan Deensk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Noarsk persoan yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan berne yn 1901 Kategory:Persoan stoarn yn 1954