De Max van der Stoel-prijs foar de Rjochten fan de Minske is in priis dy't alle jierren útrikt wurdt oan studinten dy't in proefskrift of masterskripje skreaun hawwe op it mêd fan de rjochten fan de minske.

De priis waard yn 1995 ynsteld en krige yn 2002 de namme fan de eardere Nederlânske minister Max van der Stoel. Kandidaten wurde foardroegen troch de rjochtsfakulteiten fan Nederlânske en Flaamske universiteiten. Foarôfgeand oan de útrikking oan de Universiteit fan Tilburg wurdt de Max van der Stoel-lêzing holden troch immen dy't in wichtige bydrage levere hat oan it mêd fan de rjochten fan de minske.

Eksterne keppeling OSCE-webside

Kategory:Nederlânske minskerjochtepriis Kategory:Nederlânske priis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1995