De grize goars (Emberiza cia) is in sjongfûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae). De soarte komt foar yn Noard-Afrika, Europa en Aazje.

Skaaimerken De grize goars is 15 oant 16,5 sm lang, fan it puntsje fan 'e snaffel oant de ein fan 'e sturt. It briedende mantsje hat kastanjebrune boppedielen mei donkere streken, in grize kiel en in griis boppeboarst en in fierder ljochtbrune ûnderkant. De grize kop hat swarte streekjes.

It wyfke is in fletsere ferzje fan it mantsje, mei in ljochtere ûnderkant mei lytse streekjes, in griisbrune rêch en in kop mei minder kontrast.

De juvenyl liket op it wyfke, mar hat in kop mei streekjes.

De streke goars (Emberiza striolata), dy't in soad fan 'e grize goars hat, hat in hielendal grize krún.

Fersprieding en libbensgebiet De soarte briedt yn in gebiet dat him útwreidet fan Noardwest-Afrika, oer it suden fan Europa, Turkije en Iran, oant yn 'e Himalaya. Yn syn briedgebiet is de grize goars benammen in stânfûgel, hoewol't de noardlikste populaasjes winterdeis nei it súdlike diel fan it ferspriedingsgebiet migrearje.

It libbensgebiet bestiet út rotsige hellingen yn berchgebieten boppe de beamgrins, yn terrein dat mar tin begroeid is mei toarnstrûken, gers en krûdeftige planten. Pleatslik komme der ek populaasjes op seenivo foar, yn keal, rotsich en mar tin begroeid terrein. Yn Dútslân komt de soarte foar op steile berch- en heuvelhellingen mei wyngerds, ûnder oare oan 'e Ahr, de Mûzel en de Ryn besuden Königswinter.

De soarte bestiet út seis ûndersoarten:

E. c. cia: fan Sintraal- en Súd-Europa oant de Balkan en noardlik Turkije, en yn Noardwest-Afrika. E. c. hordei: fan Grikelân oer it suden fan Turkije oant Israel en Jordaanje. E. c. prageri: yn 'e Kaukasus, súdlik Oekraïne, eastlik Turkije en súdwestlik en noardlik Iran. E. c. par: fan noardeastlik Iran oant Sintraal-Aazje en noardlik Pakistan. E. c. stracheyi: fan 'e noardwestlike Himalaya oant súdwestlik Tibet en Nepal. E. c. flemingorum: yn sintraal Nepal.

Nederlân De grize goars is in tige seldsume dwaalgast yn Nederlân. Yn 2011 is de fûgel op Skier waarnommen.Dutch Avifauna, oproppen 29 augustus 2026.

Hâlden en dragen thumb|left|Nêst. De soarte briedt op 'e grûn yn drûch, rotseftich terrein. It nêst is komfoarmich en bestiet út moas of gers, dat mei finer materiaal, lykas hier, beklaaid wurdt. In lechsel bestiet út 3 oant 5 smoarchwite aaikes mei grize spikkeltsjes en in lingte fan likernôch 21 millimeter. De aaikes wurde yn 12 of 13 dagen útbret.

Yn geunstige jierren, of as it earste lechsel ferlern giet, kin der in twadde lechsel folgje. De jongen wurde grutbrocht mei ynsekten; âldere fûgels ite ek sied.

Status De grutte fan 'e wrâldpopulaasje waard yn 2021 op 10 oant 21 miljoen folwoeksen eksimplaren rûsd en de soarte hat in stabile trend. Dêrfandinne stiet de grize goars as net bedrige op 'e Reade List fan 'e IUCN.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje