De Japanske maskergoars (Emberiza personata) is in Eastaziatyske fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae) binnen it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). De soarte waard fanâlds as in ûndersoarte fan 'e griiskopgoars (E. spodocephala) beskôge, mar wurdt hieltyd faker as in selsstannige soarte erkend.

Skaaimerken De Japanske maskergoars is in 13,5 oant 16 sintimeter lange goars, dy't op 'e griiskopgoars liket, mar dochs dúdlik fan dy soarte te ûnderskieden is en yn alle fearrekleden folle ljochter is. It folwoeksen mantsje hat ek swart by de snaffelbasis, mar de krún, de nekke en de earfearkes binne mear oliifgrien. De kiel, it boarst en de ûnderkant binne op in ljochtgiele ûndergrûn sterk donker streke. Faak is ek in smelle oliifgrize streek oan 'e kant fan 'e kiel en in giele streek ûnder de snorstreek te sjen. De slachpinnen binne earder donkerbrún as swart, sa't by de griiskopgoars it gefal is, en de wjukbannen binne wyt.

It folwoeksen wyfke en it mantsje fan 'e Japanske maskergoars lykje mear opinoar as it wyfkes en it mantsje fan 'e griiskopgoars. It wyfke mist lykwols it swart oan 'e basis fan 'e snaffel, is witer oan 'e ûnderkant en is oer it algemien faak wat ljochter fan kleur as it mantsje. De snaffel is ek grizer as dy fan it mantsje, dy't mear rôze is.

Fersprieding en systematyk De fûgel briedt fan Sachalin en de súdlike Koerilen oant Honsjû yn Japan. Winterdeis komt er súdlik oant de Rjûkjû-eilannen foar. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, wat sizze wol dat er net yn ûndersoarten opdield wurdt.

Fanâlds wurdt de Japanske maskergoars as in ûndersoarte fan 'e griiskopgoars (Emberiza spodocephala) behannele. Sûnt 2016 wurdt er lykwols troch BirdLife International en de IUCN as in selsstannige soarte erkend. Dat is basearre op sawol ôfwikingen yn uterlik en lûden as op ûndersyk dêr't út bliken docht dat de Japanske maskergoars genetysk dúdlik te ûnderskieden is.

Yn 2021 folge it ynfloedrike International Ornithological Congress dat foarbyld.

Skaaiyndieling De griiskopgoars, en dêrmei ek de Japanske maskergoars, wurdt fanâlds yn it skaai Emberiza pleatst, mar guon autoriteiten diele dat skaai op yn ferskate lytsere skaaien. De Japanske maskergoars wurdt dan, bygelyks tegearre mei de reidmosk en de boskgoars, yn it skaai Schoeniclus pleatst.

Hâlden en dragen De Japanske maskergoars briedt yn mingde bosken, mar benammen yn leafbosk, yn leechlizzende gebieten en rivierdellingen oant yn middelhege berchstreken. Winterdeis wurdt er oantroffen yn bosken en oan boskrânen, yn strûklân, parken, tunen en lânbougebieten, foaral op plakken dêr't dwerchbamboe groeit.

Ut in ûndersyk nei rivierbosken yn Japan die bliken dat folwoeksen fûgels benammen libben fan lytse wetterlibjende ynsekten. De soarte briedt fan maaie oant july. It wyfke boud allinnich it nêst. It bestiet út sêft en drûch gers, is mei hier beklaaid en wurdt op 'e grûn of leech yn in strûk of krûd pleatst.

Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, dy't stabyl liket. Der wurdt oannommen dat de soarte net te lijen hat fan substansjele bedrigingen. Op grûn fan dy kritearia klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld, de IUCN, de soarte as net bedrige (Least Concern, LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje