De kastanjegoars (Emberiza rutila) is in moskeftige fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae), dy't yn it eastlike part fan it Paleärktysk gebiet foarkomt.

Skaaimerken De kastanjegoars is in frij lytse goars mei in lingte fan 14 oant 15 sintimeter. De sturt is frij koart en hat in bytsje of hielendal gjin wyt op 'e bûtenste sturtfearren.

Mantsjes yn it briedkleed hawwe helder kastanjebrune boppedielen en in kastanjebrune kop. It boarst en de búk binne giel, mei streken oan 'e siden. Mantsjes bûten it briedseizoen binne doffer fan kleur, om't it kastanjebrún foar in part ferside sit troch bleke rânen oan 'e fearren.

It wyfke is foar it meastepart dofbrún en hat donkere streken op 'e boppedielen, wylst de ûnderkant foaral ljochtgiel is. De stút is dof kastanjebrún en de kiel is gielbrún.

Fersprieding De kastanjegoars briedt yn Sibearje, noardlik Mongoalje en noardeastlik Sina. It is in trekfûgel dy't oer grutte ôfstannen lûkt en oerwinteret yn súdlik Sina, Súdeast-Aazje en noardeastlik Yndia.

Der binne ferskate waarnimmingen út Europa bekend, mar guon dêrfan soene ek ûntsnapte koaifûgels wêze kinne. Der hat mar ien kear in wiernimming yn Nederlân west, op 5 novimber 1937 by Harderwyk.Oersjoch fan nije soarten op provinsje https://www.dutchavifauna.nl/statistics-province

Biotoop Yn it briedseizoen komt de kastanjebrune goars foar yn iepen bosken mei in soad begroeiïng op 'e grûn en strûken. Winterdeis en ûnder de trek wurdt de soarte oantroffen op lânbougebieten, yn strûklân en oan 'e rânen fan bosken.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet mei in ûnbekende populaasjetrend. Op grûn fan dizze kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal