De griiskielgoars (Emberiza goslingi) is in fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae) binnen it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes), dy't yn Afrika foarkomt yn in brede sône besuden de Sahara.

Skaaimerken De griiskielgoars is in 13 oant 14 sintimeter lange goars, dy't in protte op 'e berchgoars liket en dêr't er earder as in ûndersoarte fan beskôge waard. Hy hat in readbrune ûnderkant, in swart en wyt streke kop en in brune rêch mei donkere streken.

De griiskielgoars ferskilt lykwols fan 'e berchgoars meidat it kin, de kiel en it efterste part fan 'e earfearkes griis ynstee fan swart binne. De ûnderkant is fierder bleker en op 'e boppekant is in djip readbrúnkleurich wjukflak te sjen, dat by de berchgoars ûntbrekt.

Fersprieding De griiskielgoars komt foar fan súdlik Mauretaanje oant súdlik Senegal, en fierder eastlik oant súdeastlik Tsjaad, de noardeastlike Sintraal-Afrikaanske Republyk, súdwestlik Sûdan en noardwestlik Súd-Sûdan. Mooglik komt de soarte ek foar yn it uterste noardeasten fan 'e Demokratyske Republyk Kongo.

Bûten it briedseizoen rint it ferspriedingsgebiet troch oant yn it West-Paleärktysk gebiet, yn noardlik Mauretaanje, noardlik Maly en mooglik ek noardlik Niger.

Systematyk De griiskielgoars waard earder beskôge as in ûndersoarte fan 'e berchgoars (E. tahapisi), en guon taksonomyske autoriteiten dogge dat noch jimmeroan. Hjoed-de-dei wurdt er lykwols meast as in selsstannige soarte beskôge, op grûn fan ferskillen yn uterlik, mooglike ferskillen yn 'e lûden, it mooglik parapatrysk foarkommen yn it westlike part fan it grinsgebiet tusken Súd-Sûdan en Uganda, en ûndersiken dy't dúdlike genetyske ferskillen sjen litte.

Der bestiet lykwols ferskil fan miening tusken taksonomyske autoriteiten oer de populaasje septemstriata, dy't foarkomt yn súdeastlik Sûdan, noardeastlik Súd-Sûdan, Eritreä en noardwestlik Etioopje. Dy populaasje kin mooglik in hybridefoarm tusken de griiskielgoars en de berchgoars wêze.

Guon autoriteiten erkenne septemstriata as in ûndersoarte fan 'e berchgoars, wylst oaren de populaasje by de griiskielgoars yndiele sûnder har as in apart takson te ûnderskieden. De griiskielgoars wurdt yn alle gefallen as monotypysk beskôge, wat sizze wol dat er net yn ûndersoarten opdield wurdt.

Hâlden en dragen De griiskielgoars komt foar op rotsige hellingen, yn stiennige gebieten en yn eroazjedellen. De soarte is foar it meastepart in stânfûgel, mar is lokaal nomadysk.

Yn West-Afrika migrearret er yn it reinseizoen nei it noarden en yn it drûge seizoen nei it suden. It iten is noch net yn detail beskreaun, mar oannommen wurdt dat it net folle oars is as it dieet fan 'e berchgoars: gerssied, oanfolle mei nektar, plantedielen en ferskate soarten ynsekten.

De soarte briedt monogaam fan july oant jannewaris yn West-Afrika en yn Sûdan fan novimber oant jannewaris.

Status en bedrigingen De griiskielgoars hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Der wurdt oannommen dat de soarte net te lijen hat fan substansjele bedrigingen. Op grûn fan dy kritearia klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, LC).

De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de fûgel soe frij algemien wêze.

Namme De wittenskiplike namme fan 'e fûgel is in earbetoan oan George Bennett Gosling (1872–1906), in Britske legerkaptein, natuerûndersiker en ûntdekkingsreizger dy't meidie oan 'e Niger-Nyl-ekspedysje fan 1904 oant 1906.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Togo