De gielbúkgoars (Emberiza flaviventris) is in Afrikaanske fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae) binnen it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).
Skaaimerken De gielbúkgoars is in 15 oant 16 sintimeter lange, opfallende goars mei in swart-wyt tekene kop en giel op 'e siden en it ûnderste part fan 'e búk. It mantsje hat in wite krún mei swarte krúnstreken, in wite wynbraustreek en wite earfearkes mei in swarte râne. De ûnderkant is oranjegiel, mar nei de kiel ta giel en op it ûnderste part fan 'e búk wyt.
De boppekant is kastanjebrún mei grize boppesturtdekfearren. De brunere wjukken hawwe twa dúdlike wite wjukbannen. De beide skaaien lykje opinoar, mar it wyfke kin in bêzjekleurige tint op 'e kop en brúnere krúnstreken hawwe, wylst de rêch donkere streken hawwe kin. De jonge fûgel is doffer en bleker as it wyfke.
Fersprieding en systematyk De gielbúkgoars wurdt yn fjouwer ûndersoarten ferdield, mei de folgjende fersprieding:
Emberiza flaviventris flavigaster – komt foar oan 'e súdlike râne fan 'e Sahara, fan Mauretaanje oant Eritreä Emberiza flaviventris kalaharica – komt foar yn súdlik Súd-Sûdan en yn sintraal en súdeastlik Angoala, súdlik oant noardeastlik Namybje, Botswana, Mozambyk en noardlik Súd-Afrika Emberiza flaviventris flaviventris – komt foar fan súdlik Súd-Afrika oant KwaZulu-Natal Emberiza flaviventris princeps – komt foar fan noardlik en noardwestlik Namybje oant súdwestlik Angoala
De ûndersoarte kalaharica wurdt soms by de nominaatfoarm ûnderbrocht.
Skaaiyndieling De soarte wurdt fanâlds yn it skaai Emberiza yndield, mar guon taksonomyske autoriteiten hawwe Emberiza yn ferskate lytsere skaaien opdield. De gielbúkgoars en de oare Afrikaanske goarzen wurde dan yn it skaai Fringillaria ûnderbrocht.
Hâlden en dragen De gielbúkgoars komt foar yn ferskate typen iepen bosklânskip. De ûndersoarte flavigaster libbet yn akasiasteppes en savannes, wylst de oare ûndersoarten yn in mear ferskaat fan iepen lânskippen foarkomme, ek yn tunen.
De soarte libbet net yn grutte groepen en wurdt ornaris allinnich, yn pearkes of yn lytse groepkes waarnommen. De fûgel siket op 'e grûn nei sied, ynsekten en spinnen en is foar it meastepart in stânfûgel, al komme der lokaal ferpleatsingen foar.
Brieden De fûgel bout in frij sleau, komfoarmich nêst leech yn in strûk of yn ticht strûkguod. De twa oant trije aaien binne glânzgjend wyt of rjemmekleurich en hawwe swarte streken. Se wurde yn tolve oant trettjin dagen útbret, en de jongen kinne nei it útkommen nei 16 oant 17 dagen fleane.
Status en bedrigingen De gielbúkgoars hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Der wurdt oannommen dat de soarte net te lijen hat fan substansjele bedrigingen. Op grûn fan dy kritearia klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natoerbehâld (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, LC).
De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar wurdt omskreaun as nearne bysûnder algemien, nettsjinsteande dat it ien fan 'e meast wiid fersprate Afrikaanske goarzen is.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe