thumb|upright|Yllustraasje fan Trichoptera út British Entomology

James Francis Stephens (16 septimber 1792 – 22 desimber 1852) wie in Ingelske entomolooch en natuerûndersiker. Hy is bekend om syn Illustrations of British Entomology (1846) yn tolve dielen en de Manual of British Beetles (1839).

Jonkheid en stúdzje Stephens waard berne yn Shoreham-by-Sea en studearre oan Christ's Hospital. Syn heit wie marinekaptein William James Stephens (ferstoarn yn 1799) en syn mem wie Mary Peck (letter frou Dallinger). Hy gie nei de Blue Coat School yn Hertford en letter oan Christ's Hospital yn Londen. Yn 1800 soe er studearje ûnder lieding fan Shute Barrington (1734–1826), de biskop fan Durham. Hy gie dêr yn 1807 wei en wurke fan 1807 oant 1845 as klerk by it Admiraliteitskantoar yn Somerset House, mei tank oan syn omke, admiraal Stephens.

Entomolooch Stephens hie al as skoaljonge belangstelling foar natuerlike histoarje. Yn 1808 skreau er in manuskript mei de titel Catalogue of British Animals. Hy waard op 17 febrewaris 1815 keazen ta lid fan de Linnean Society en yn 1826 ta lid fan de Zoological Society of London. Fan 1815 oant 1825 lei er him benammen ta op de ornitology en droech er by oan it wurk fan George Shaw (1751–1813). Yn 1818 krige er ferlof fan syn wurk om William Elford Leach te helpen by it oarderjen fan de ynsektekolleksje yn it Britsk Museum. Hy kearde werom nei de Admiraliteit, mar problemen mei syn superieuren soargen derfoar dat er earder mei pensjoen gie, wat late ta it ferlies fan in part fan syn pensjoen. Dêrnei wurke er oant syn dea fergees yn it British Museum en beskreau er wol 2800 Britske ynsektesoarten.

Yn 1833 wie er mei-oprjochter fan de "Entomological Society of London", in foarrinner fan de "Royal Entomological Society of London" dêr't er yn 1837 en 1838 foarsitter fan wie.

Charles Darwin Yn syn tiid oan de Universiteit fan Cambridge waard de studint Charles Darwin in entûsjast samler fan ynsekten. Hy stjoerde Stephens gegevens oer de seldsumere ynsekten dy't er fongen hie, en wie tige bliid doe't yn Illustrations of British Entomology de ynsekten dy't hy fongen hie neamd waarden – beskreaun yn 33 fermeldings, wêrby't syn wurden yn alle gefallen op twa nei oanhelle waarden. Yn syn autobiografy skreau Darwin: "Gjin dichter hat ea mear wille belibbe oan it sjen fan syn earste publisearre gedicht as ik oan it sjen fan de magyske wurden 'fongen troch C. Darwin, Esq.' yn Stephens Illustrations of British Insects." De tekst sa't dy úteinlik publisearre waard, wie lykwols wat oars: "fongen troch dûmny F. W. Hope en C. Darwin, Esq., yn Noard-Wales" en "Fongen yn Noard-Wales troch C. Darwin, Esq.".

Wurken General zoology, or Systematic natural history London, Printed for G. Kearsley foar in part mei George Shaw en de ienige auteur fan de lêste 6 folumes fan de 16, nei de dea fan George Shaw (1800-1826) Nomenclature of British Insects: Being a Compendious List of Such Species (1829). A systematic Catalogue of British insects: being an attempt to arrange all the hitherto discovered indigenous insects in accordance with their natural affinities. Containing also the references to every English writer on entomology, and to the principal foreign authors. With all the published British genera to the present time (1829). Illustrations of British Entomology; or, a synopsis of indigenous insects, containing their generic and specific distinctions; with an account of their metamorphoses, times of appearance, localities, food, and economy, as far as practicable. In ten volumes. (1828–1846). A Manual of British Beetles, 1839.

Kategory:Ingelsk entomolooch Kategory:Ingelsk ornitolooch Kategory:Ingelsk soölooch Kategory:Ingelsk publisist Kategory:Persoan berne yn 1792 Kategory:Persoan stoarn yn 1852