De laaiblauwe goars (Emberiza siemsseni) is in fûgel dy't endemysk is yn Sina en ta de famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae) heart.
Skaaimerken thumb|left|Tekening fan in mantsje en in wyfke. De laaiblauwe goars is in 13 cm lange, tige karakteristike goars. It fearrekleed is ûngewoan foar de goarsfûgels, om't it folslein sûnder streken is. Ek de sturt hat in oare foarm: smel oan 'e basis en breder oan 'e útein. De snaffel is foar in goarsfûgel tige lyts. It mantsje is folslein laaigriis, útsein de wite búk en ûndersturt, wylst it wyfke in kanielbrune kop en hals hat.
Fersprieding en systematyk De fûgel komt foar yn bercheftige gebieten yn sintraal Sina, fan it suden fan Gansu en it suden fan Shaanxi nei it suden ta oant westlik Sichuan, en mooglik ek noch fierder nei it easten yn Anhui. Bûten de briedtiid wurdt er yn in grutter gebiet op legere hichten oantroffen, yn Sichuan, westlik Hubei, Anhui, Yunnan, Guizhou, Fujian en noardlik Guangdong. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, dat wol sizze dat er net yn ûndersoarten yndield wurdt.
Skaaiyndieling Wat it fearrekleed oanbelanget docht de laaiblauwe goars tinken oan 'e folslein net besibbe soarten út it skaai Junco en dêrom is er ek wol as iennichste soarte yn it skaai Latoucheornis pleatst. DNA-ûndersyk hat lykwols útwiisd dat er diel útmakket fan it skaai Emberiza. De neiste sibbe is de gielkielgoars (Emberiza elegans).
Guon taksonomyske yndielingen splitse Emberiza lykwols op yn ferskate lytsere skaaien. De laaiblauwe goars wurdt dan tegearre mei bygelyks de reidmosk en de boskgoars yn it skaai Schoeniclus pleatst.
Hâlden en dragen De laaiblauwe goars komt foar yn beboske berchdellingen op hichten fan 1500 oant 2100 meter. Oer it iten is net folle bekend, mar yn elts gefal yn 'e briedtiid fiedt er him mei lytse ynvertebraten, lykas krobben. Oer it brieden is hast neat dokumintearre. Yn Sichuan is begjin juny nêstbou fêststeld, mar yn guon gebieten begjint dat mooglik al begjin maaie. De soarte makket sawol hichtemigraasjes as koarte trekbewegingen.
Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, dy't stabyl is. Der binne gjin substansjele bedrigingen bekend. Op grûn fan dy kritearia klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de soarte wurdt beskreaun as nei alle gedachten net seldsum.
Namme De wittenskiplike soartenamme earet Gustav Theodor Siemssen (1857–1915), in Dútske sakeman en konsul-generaal yn 1903 yn Fukien, Sina.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Sina