De okerstútgoars (Emberiza yessoensis) is in seldsume Eastaziatyske fûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae). De soarte briedt yn eastlik Mongoalje, noardeastlik Sina, súdeastlik Sibearje en Japan. Winterdeis trekt er nei eastlik Sina, súdlik Japan en Koreä. It tal fûgels nimt ôf troch de ferneatiging fan it leefgebiet, sa sterk dat de IUCN de soarte as hast bedrige (Near Threatened) beskôget.

Skaaimerken thumb|left|Sjongend mantsje. De okerstútgoars is in lytse goarsfûgel fan 14–15 cm lang mei spitse sturtfearren. It mantsje yn briedkleed is glânzgjend swart fan 'e kop oant yn 'e nekke en oer it boppeste part fan it boarst. De boppekant is ljocht griisbrún mei wat rustbrún en sterk swart streke. De sturt is griisbrún mei wite rânen. De ûnderkant is krêmwyt, wat dûnkerder op it boarst. De soarte ûnderskiedt him fan 'e nau besibbe reidmosk en Pallasgoars troch it ûntbrekken fan in wite streek ûnder de snor. Bûten de briedtiid ferdwynt it swart fan 'e kop wat troch de bleke úteinen fan 'e nije fearren.

It wyfke hat foar it meastepart in donkerbrune kop mei in pear ljochte streken. De fearkes by it ear binne donkerbrún. It hat ek in bleekoranje streek ûnder de snor en in kiel, mei in kontrastearjende swarte snorstreek.

Fersprieding en systematyk De okerstútgoars briedt yn eastlik Mongoalje, noardeastlik Sina, súdeastlik Sibearje en Japan. Yn 'e winter trekt er nei eastlik Sina, súdlik Japan en Koreä. De soarte wurdt ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Emberiza yessoensis continentalis – briedt yn it uterste easten fan Mongoalje, noardeastlik Sina (Heilongjiang) en súdeastlik Sibearje (Kustterritoarium); oerwinteret yn it kustgebiet fan eastlik Sina Emberiza yessoensis yessoensis – briedt yn sintraal en súdlik Japan op noardlik en sintraal Honshu en Kyushu, earder ek op Hokkaido en de súdlike Koerilen; oerwinteret yn súdlik Japan en Koreä

Sibskip en skaaiyndieling De soarte wurdt fanâlds yn it skaai Emberiza pleatst. Resint genetysk ûndersyk lit sjen dat de neiste sibben fan dizze soarte de reidmosk en Pallasgoars binne. Tegearre mei bygelyks de wylgegoars en de boskgoars foarmet de soarte in klade binnen it skaai. Guon autoriteiten helje dizze soarten, tegearre mei in pear oare soarten, út Emberiza en pleatse se yn it aparte skaai Schoeniclus.

Libbenswize De okerstútgoars briedt yn reidfjilden en yn gebieten mei strûken of hege krûden om wetterrike gebieten hinne. Oer it iten is net folle bekend, mar der is fêststeld dat de soarte sied, krobben, flinterrûpen en beien yt. De fûgel briedt fan maaie oant july en hat twa lechsels. It lytse, komfoarmige nêst fan gers wurdt ticht by de grûn boud, en dêryn leit it wyfke trije oant fiif aaien. De soarte is in trekfûgel dy't yn maaie yn 'e briedgebieten oankomt en yn septimber wer fuortgiet.

Status en bedrigingen De wrâldpopulaasje fan 'e okerstútgoars wurdt op 6.000 oant 15.000 folwoeksen fûgels rûsd. Der wurdt boppedat tocht dat it tal fûgels ôfnimt. De IUCN klassifisearret de soarte dêrom as hast bedrige (Near Threatened, NT).

Namme "Yesso" is in oare namme foar it Japanske eilân Hokkaido, dêr't de soarte lykwols net mear waarnommen wurdt.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä