De ljurkgoars (Emberiza impetuani) is in fûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae) binnen it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). De soarte komt foar yn drûge gebieten yn súdlik Afrika. De populaasje wurdt as net bedrige beskôge.

Skaaimerken De ljurkgoars is in 14 sintimeter lange, frijwat ûnopfallende goarsfûgel dy't op it earste gesicht wol wat fan in ljurk hat. Hy hat lykwols, oars as ljurken, in lange sturt en springt foarút ynstee fan te rinnen. It fearrekleed is brún mei in karakteristike kanielkleurige tint oan 'e ûnderkant en rustkleurige rânen oan 'e wjukfearren.

Fersprieding en systematyk De ljurkgoars komt foar yn súdlik Afrika. De soarte wurdt ferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding: thumb|left|Emberiza impetuani impetuani by Omaruru yn Namybje. Emberiza impetuani eremica – komt foar fan 'e kustgebieten fan súdlik Angoala oant Namybje en noardwestlik Súd-Afrika Emberiza impetuani impetuani – komt foar fan noardlik Súd-Afrika oant westlik Botswana en súdwestlik Simbabwe Emberiza impetuani sloggetti – komt foar yn westlik Súd-Afrika

De ljurkgoars is as dwaalgast waarnommen yn 'e Demokratyske Republyk Kongo, Swazylân en Sambia. De ûndersoarte eremica wurdt faak by de nominaatfoarm rekkene.

Skaaiyndieling De soarte wurdt fanâlds yn it skaai Emberiza pleatst, mar guon autoriteiten diele dat skaai op yn ferskate lytsere skaaien. Dêrby wurdt de soarte tegearre mei bygelyks de Kaapske goars en de hûsgoars yn it skaai Fringillaria yndield.

Libbenswize De ljurkgoars komt foar op healwoastynflakten, yn Karoostrûklân en op drûge savanne. It iten bestiet benammen út gerssied, mar ek út sied fan krûden, sêfte griene blêden en in grut ferskaat oan wringeleazen. It briedseizoen is keppele oan delslach en de fûgel briedt allinnich as it genôch reind hat. De soarte is monogaam en briedt allinnich, mar faak tichteby oare pearkes.

Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje dy't stabyl is, en nei alle gedachten hat er net mei substansjele bedrigings te krijen. Op grûn fan dizze kritearia klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de soarte wurdt omskreaun as faak algemien.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe