De streke goars (Emberiza striolata) is in sjongfûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae). De hûsgoars, dy't yn it westen fan Noard-Afrika foarkomt, waard earder beskôge as in ûndersoarte fan dizze soarte. De streke goars komt foar yn noardeastlik Afrika en súdwestlik Aazje.

Skaaimerken De fûgel is 12 oant 13 cm lang en weaget 12 oant 16 gram. It is in slanke goars. De kop en it boarst binne griis mei lytse swarte streekjes. Op 'e kop sitte ôfwikseljend donkere en wyteftige streken. De fûgel liket in soad op 'e hûsgoars, mar de búk is ljochter mei in kanielkleurige tint. Fierders is dizze goars swierder streke en is de swart-wite koptekening dúdliker. Boppedat is dizze soarte troch in koartere snaffel en sturt yn trochsneed wat lytser.

Fersprieding en leefgebiet Der binne trije ûndersoarten:

Emberiza striolata saturatior – sintraal Sûdan, súdwestlik Etioopje en noardwestlik Kenia. Emberiza striolata jebelmarrae – eastlik Tsjaad en westlik-sintraal Sûdan. Emberiza striolata striolata – fan noardeastlik Afrika oant it Arabysk Skiereilân, Iran, Pakistan en sintraal Yndia.

It leefgebiet bestiet út wady's en drûge lânskippen mei strûkguod, faak yn 'e neite fan wetter.

Skaaiyndieling De soarte wurdt fanâlds yn it skaai Emberiza pleatst, mar guon autoriteiten diele dat skaai op yn ferskate lytsere skaaien. Dêrby wurdt de soarte tegearre mei bygelyks de Kaapske goars en de hûsgoars yn it skaai Fringillaria yndield.

Hâlden en dragen thumb|left|Aaikes fan 'e streke goars. De streke goars komt foar yn ûnbegroeide bercheftige gebieten, dêr't er, oars as syn nauwe sibbe, folle minder bûn is oan minsklike delsettings. De streke goars is oer it generaal folle skrutener. It is in stânfûgel, mar kin winterdeis nei leger lizzende flakten en kultivearre fjilden ferhúzje. It wyfke leit trije aaien, dy't 14 dagen bebret wurde.

Status De streke goars hat in grut ferspriedingsgebiet. De populaasjegrutte is net kwantifisearre, mar nimt mooglik ta. De fûgel is meastentiids net algemien, mar kin lokaal soms talryk wêze. Dêrfandinne stiet de streke goars as net bedrige op 'e Reade List fan de IUCN.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen