Władysław Ladislaus Taczanowski (útspr.: ([vwaˈdɨ.swaf ta.t͡ʂaˈnɔf.skʲi], likernôch: "vwa-dy-swaf taa-tsja-nof-skjy"; 1 maart 1819 – 17 jannewaris 1890) wie in Poalske soölooch, spesifyk in ornitolooch, mar beskreau ek tal fan oare taksons, wêrûnder reptilen en spineftigen.
Biografy Taczanowski waard yn 1819 yn Jabłonna berne yn in âlde Poalske aadlike famylje. Hy wurdt beskôge as ien fan de wichtichste Jeropeeske soölogen fan de njoggentjinde ieu. Hy krige syn oplieding yn Parys en wurke by musea yn Wenen, Berlyn, Parys en Londen. Fan 1862 ôf (as opfolger fan Feliks Jarocki) oant syn ferstjerren yn 1890 wie er konservator fan de soölogyske ôfdieling fan de Universiteit fan Warsjau.
Fan 1866 oant 1867 die Taczanowski mei oan in ekspedysje nei Algerije mei Anthony S. Waga.
Hy is de beskriuwer fan 69 fûgelsoarten (wêrfan't er der 12 tegearre mei Hans Graf von Berlepsch beskreaun hat), lykas de Kaukazyske kuorhin (Lyrurus mlokosiewiczi) en de readwjukbosktiran (Polioxolmis rufipennis). Ta syn eare binne in grut oantal bistesoarten nei him ferneamd, wêrûnder de Taczanowski-tinamoe (Nothoprocta taczanowskii), de Punadûker (Podiceps taczanowskii), de berchpaka (Cuniculus taczanowskii, in kjifdier) en Ladislavia taczanowskii (in soarte fan strielfinnige fisk).
Lidmaatskippen
Taczanowski wie lid fan it Feriening fan natuerhistoarisy fan Sint Petersburch, it Deutschen Ornithologen-Gesellschaft, de Société zoologique de France, it Zoologisch-Botanische Gesellschaft yn Wenen, de Zoological Society of London en de American Ornithologists' Union.
Publikaasjes Kar-ut: Birds of Poland, 1882 Ornithologie du Pérou, 1884-1886 BHL "Les Aranéides de la Guyane française," Horae Societatis entomologicae Rossicae, 1871 "Les Aranéides de la Guyane française," Horae Societatis entomologicae Rossicae, 1873 "Les Aranéides du Perou. Famille des Attidés", 1879
Kategory:Poalsk soölooch Kategory:Poalsk ornitolooch Kategory:Poalsk herpetolooch Kategory:Poalsk arachnolooch Kategory:Poalsk publisist Kategory:Poalske adel Kategory:Persoan berne yn 1819 Kategory:Persoan stoarn yn 1890