De brúneargoars (Emberiza fucata) is in goars út it skaai Emberiza dy't briedt fan Sintraal-Aazje oant yn Koreä en Japan. Winterdeis ferhuzet er sa fier nei it suden as Súdeast-Aazje. It is in tige seldsume dwaalgast yn Jeropa. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, LC).

Skaaimerken thumb|left|Brúneargoars. De brúneargoars is in stevige goars dy't 15–16 sintimeter lang wurdt. It fearrekleed is foar it meastepart brún mei donkere streken. It mantsje hat in grize kroan en nekke mei donkere streken, kastanjebrune earfearkes en swarte en kastanjebrune bannen oer it boarst. Op 'e skouders sit in readbrún plak en ek de boppesturt is readbrún. De wyfkes lykje op 'e mantsjes, mar binne doffer fan kleur en hawwe in minder dúdlik patroan op 'e kop en it boarst. Fûgels yn it earste winterkleed binne ienfâldiger fan uterlik, mar hawwe waarmbrune earbedekkings en in dúdlike ring om it each.

Fersprieding en systematyk It briedgebiet rint fan 'e Himalaya lokaal troch Sina oant súdeastlik Sibearje, Koreä en noardlik Japan. Fûgels út it noarden ferhúzje nei it suden om te oerwinterjen yn súdlik Japan, súdlik Sina, Taiwan, noardeastlik Yndia, Bangladesj en Súdeast-Aazje. De soarte is in dwaalgast yn Kazachstan en yn oktober 2004 waard de earste waarnimming yn Jeropa fêststeld op Fair Isle yn Skotlân.

It leefgebiet fan 'e fûgel bestiet by foarkar út strûkguod, fjilden en gerslân.

Undersoarten De soarte wurdt ferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Emberiza fucata fucata – de nominaatfoarm briedt yn 'e noardlike parten fan it ferspriedingsgebiet, fan eastlik Mongoalje en súdeastlik Transbaikal nei it easten ta oant súdeastlik Sibearje, noardeastlik Sina (Heilongjiang), Sachalin, Koreä en Japan (de súdlike Koerilen en Hokkaido nei it suden oant súdlik Honsjû en Kjûsjû); oerwinteret yn súdlik Japan, súdlik Koreä, súdlik Sina ynklusyf Hainan en seldsum ek op Taiwan; Emberiza fucata arcuata – briedt yn 'e Himalaya fan noardlik Pakistan nei it easten oant westlik Nepal en súdlik Sina (noardlik Yunnan); oerwinteret yn 'e legere parten fan 'e westlike Himalaya; Emberiza fucata kuatunensis – komt foar yn eastlik Sina (Zhejiang en Fujian); oerwinteret oant súdeastlik Sina, Bangladesj, noardlik en sintraal Birma en noardlik Yndosina.

Sibskip Genetyske stúdzjes litte sjen dat de brúneargoars ta in klade yn it skaai Emberiza heart, dêr't ek soarten as de koarnmosk, gielfink, grize goars en nôtfink ta hearre, mar net bygelyks de reidmosk of swartkopgoars. Dêr foarmet er in eigen ûntwikkelingsline, as sustersoarte fan 'e rest fan 'e klade útsein de koarngoars.

Ekology thumb|left|Aaien fan 'e brúneargoars. De brúneargoars briedt yn iepen gerslannen mei strûken, lykas greiden, en oan 'e râne fan sompen. Hy briedt op hichten oant 2.750 meter boppe seenivo. Hy oerwinteret yn iepen gebieten en lânbougebieten op oant 1.900 meter boppe seenivo. It skaalfoarmige nêst wurdt op 'e grûn of leech yn in strûk pleatst. Hy leit meastentiids fjouwer aaien, mar nêsten mei trije oant seis aaien komme foar. De aaien binne wyteftich mei readbrune stipkes. Se wurde sa'n tolve dagen bebret. It briedseizoen ferskilt fan maaie oant augustus yn Yndia, fan maaie oant july op Honsjû en fan juny oant augustus op Hokkaido.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De ûntwikkeling fan 'e populaasje is lykwols ûnbekend.

Namme De wittenskiplike soartenamme fucata fan 'e brúneargoars betsjut "readferve", nei it Latynske fucare, "read farve".

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam