Philipp Jakob Cretzschmar (11 juny 1786 – 4 maaie 1845) wie in Dútske dokter en natuerûndersiker.

Biografy Cretzschmar wie de soan fan dûmny Otto Cretzschmar en syn frou Anna Katharina (berne Eberhardt). Philipp Cretzschmar begûn yn 1804 yn Würzburg mei in stúdzje natuerlike histoarje en studearre letter genêskunde yn Halle (Saale). Hoewol't er troch Napoleon skrast waard, gie er yn 1807 werom nei Würzburg, dêr't er eksamen die en promovearre. Yn 1808 waard er legerdokter yn it Frânske leger en naam er diel oan de Slach by Wagram. Oant 1813 tsjinne er as rezjimintsdokter — earst by in Frânske militêre ienheid en dêrnei by it rezjimint fan it Gruthartochdom Würzburg, dat yn Spanje focht.

Letter wurke er as sjirurch yn Wenen en Parys, en úteinlik fêstige er him mei in medyske praktyk yn Frankfurt am Main. Hy spesjalisearre him yn anatomy en soölogy oan it Senckenberg Medysk Ynstitút. Hy troude mei Katharina Josephina Müller.

Tegearre mei Eduard Rüppell wied er ien fan de oprjochters fan de Senckenbergischen Naturforschenden Gesellschaft (SNG). Yn 1817 waard er direkteur fan dat ynstitút en dat bleau er oant syn dea.

Hy publisearre ûnder mear de resultaten fan in Afrika-ekspedysje dêr't Rüppell oan dielnommen hie. Hy fersoarge de ornitologyske ôfdieling fan Rüppell syn Atlas zu der Reise im nördlichen Afrika (Atlas fan de reis yn Noard-Afrika), dy't tusken 1826 en 1828 yn ôfleverings yn Frankfurt útkaam. Dêrtroch waard Cretzschmar de autoriteit foar 19 earder net beskreaun fûgelsoarten, wêrûnder de gielskouderpappegaai (Poicephalus meyeri), de rustgoars (Emberiza caesia), de Nubyske trap (Neotis nuba) en de Maquissjonger (Scotocerca inquieta). (2014) - IOC World Bird Names (version 4.3) De eksimplaren fan Cretzschmar foarmen de basis fan de kolleksje fan it Senckenberg Natuurhistoarysk Museum yn Frankfurt.

Kategory:Dútsk soölooch Kategory:Dútsk ornitolooch Kategory:Dútsk dokter Kategory:Dútsk militêr yn de Napoleontyske Oarloggen Kategory:Persoan berne yn 1786 Kategory:Persoan stoarn yn 1845