De sirlgoars (Emberiza cirlus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae) yn it skift fan 'e moskeftigen. It is in stânfûgel dy't foarkomt yn Súd-Europa en Noard-Afrika. De namme komt, sawol yn it Frysk as yn it Latyn, fan it Italjaanske wurd cirlo (útspr.: [ˈʧirlo], "tsjyr-loo"), út it dialekt fan Bologna, dat de sang fan 'e fûgel neibeart. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige.

Skaaimerken De sirlgoars docht tinken oan in lytse gielfink. De fûgel wurdt 15 oant 16,5 sintimeter lang en hat in spanwiidte fan 22 oant 22,5 sintimeter mei in stevige snaffel dy't karakteristyk is foar in siediter. It mantsje hat in ljochtgiele kop mei in swarte krún, eachstreek en kiel, in grieneftige boarstbân oer de fierders giele ûnderkant, en in sterk streke brune rêch. It wyfke liket mear op 'e gielfink, mar hat in streke griisbrune boppesturt en kastanjebrune skouderfearren.

Fersprieding De sirlgoars is in stânfûgel dy't briedt yn Súd-Europa, op 'e eilannen yn 'e Middellânske See en yn Noard-Afrika. De soarte komt foar yn alle soarten iepen gebieten mei strûken of beammen, mar hat in foarkar foar sinnige hellingen. Hy wurdt komselden noardlik fan syn ferspriedingsgebiet waarnommen.

De soarte wurdt ornaris as monotypysk behannele, dat wol sizze dat er net yn ûndersoarten opdield wurdt.

Ekology thumb|left|Nêst. De sirlgoars is te finen yn in lânskip mei lytse perselen en in soad ôfwikseling, mei hege beammen en tichte strewellen, fan iepen bosk en grutte parken oant sinnerike drûge hellingen. Hy mijd lykwols de neite fan minsken en grutte lânbouflakten. Simmerdeis libbet de sirlgoars fan ynsekten lykas gaanders, dêr't er ek syn jongen mei fuorret. Winterdeis libbet er fan sied fan stoppelikkers en braaklizzend lân en feefoer. Hy foarazjearret winterdeis by foarkar yn kloften.

It nêst wurdt op 'e grûn boud, goed ferside yn tichte hagen of strûken. De briedtiid is fan april oant mids septimber, mei twa oant fiif aaien per lechsel en oant trije lechsels yn ien seizoen.

De sirlgoars is honkfêst. By it foerazjearjen beweecht er him simmerdeis selden fierder as 250 meter, en winterdeis oant twa kilometer.

Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Oannommen wurdt dat er yn oantal tanimt. Dêrom klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). Yn Europa wurdt rûsd dat der tusken de knap 2,5 miljoen en hast 4,5 miljoen pearkes briede. Om't Europa mear as 95% fan it ferspriedingsgebiet útmakket, komt dit likernôch oerien mei de hiele wrâldpopulaasje.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo