De swartkielgoars (Amphispiza bilineata) is in fûgel yn 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels yn it skift fan 'e moskeftigen. Hy komt foar yn strûkwoastinen yn it súdwestlike diel fan 'e Feriene Steaten oant yn it sintrale diel fan Meksiko ta. De soarte nimt yn oantal ôf, mar de wrâldpopulaasje wurdt net as bedrige beskôge.
Skaaimerken thumb|left|Swartkielgoars. De swartkielgoars is in lytse oant middelgrutte (12–14,5 sm) Amerikaanske goars mei in karakteristyk fearrekleed. De kop is kreas tekene mei in donker wang en in donkere krún, in wite wynbrau- en kielstreek, en in breed swart plak op 'e kiel, dat smeller wurdt oant oer it boarst. De boppekant is ljocht griiseftich, de ûnderkant ljochter. Yn 'e flecht binne wite hoeken te sjen op 'e swarte sturt.
Fersprieding en systematyk De swartkielgoars wurdt ferdield yn tsien ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Amphispiza bilineata bilineata – noardlik en sintraal Teksas oant noardeastlik Meksiko (eastlik Coahuila, Nuevo León en Tamaulipas) Amphispiza bilineata opuntia – súdeastlik Colorado oant eastlik Nij-Meksiko, westlik Teksas en noardwestlik Coahuila Amphispiza bilineata deserticola – drûge westlike dielen fan it sintrale diel fan 'e Feriene Steaten oant noardlik Baja California, eilannen yn 'e Golf fan Kalifornje en noardwestlik Chihuahua Amphispiza bilineata bangsi – de Cape-regio yn it súdlike diel fan Baja California en oanswettende eilannen Amphispiza bilineata tortugae – it eilân La Tortuga (Golf fan Kalifornje) Amphispiza bilineata carmenae – Isla del Carmen (Golf fan Kalifornje) Amphispiza bilineata belvederei – Isla Cerralvo (Golf fan Kalifornje) Amphispiza bilineata cana – Isla San Esteban (Golf fan Kalifornje) Amphispiza bilineata pacifica – drûge dielen fan noardwestlik Meksiko (súdlik Sonora, noardlik Sinaloa en Tiburón) Amphispiza bilineata grisea – it westlike diel fan it sintrale diel fan Meksiko (Chihuahua oant súdlik Coahuila, noardlik Jalisco, súdwêstlik Tamaulipas)
De ûndersoarte carmenae wurdt faak opnommen yn bangsi.
Taksonomy De swartkielgoars wurdt yn it skaai Amphispiza'''yndield, dat er earder dielde mei de nau besibbe Kalifornyske goars (Artemisiospiza belli) en Nevadagoars (Artemisiospiza nevadensis), dy't earder as ien en deselde soarte beskôge waarden. DNA-stúdzjes litte lykwols sjen dat dy beide soarten fier fan 'e swartkielgoars ôf steane.
Earder waarden de Amerikaanske goarzen ta de goarsfûgels (Emberizidae) fan 'e Alde Wrâld rekkene. Ut ferskate genetyske stúdzjes die lykwols bliken dat se in aparte groep foarmje dy't mooglik tichter by de Amerikaanske sjongfûgels (Parulidae), troepiaalfûgels (Icteridae) en ferskate soartearme famyljes stiet, dy't endemysk binne foar it Karibysk Gebiet.
Hâlden en dragen De swartkielgoars libbet yn drûge strûkwoastinen en wurdt meastentiids yn pearkes of lytse groepkes sjoen. De fûgel briedt yn april en maaie, mar soms al sa betiid as febrewaris.
Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar de oantallen nimme nei alle gedachten ôf, al is dat noch net sa slim om de soarte as bedrige te beskôgjen. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op 62 miljoen folwoeksen yndividuen.
Namme De wittenskiplike soartenamme fucata fan 'e brúneargoars betsjut "readferve", nei it Latynske fucare'', "read farve".
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Swartkielgoars Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko