It fûgelskaai fan 'e junko's (Junco) heart ta de famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels. It skaai bestiet út ferskate soarten lytse, griis- en brúnkleurige sjongfûgels dy't foar it meastepart yn Noard- en Midden-Amearika foarkomme. De typesoarte is de donkereachjunco (Junco hyemalis).
De namme junko komt út it Spaanske junco en betsjut reid (fan it Latynske iuncus, dat reid betsjut). De Dútske biolooch Johann Georg Wagler joech it skaai yn 1831 de namme, mar de soarten yn it skaai hâlde har eins komselden op yn sompige gebieten tusken reid en komme yn 'e regel yn in drûger habitat foar.
Skaaimerken Junko's binne te werkennen oan harren faak opfallende wite bûtenste sturtfearren, in karakteristyk dat by it fleanen goed sichtber is. De ferskillende soarten hawwe fakentiden in grize of brune kop en boppekant mei in ljochtere ûnderkant.
Soarten It skaai fan 'e juncos bestiet út de fjouwer of fiif erkende soarten. Guon taksonomen behannelje de Kalifornyske junko ek wol as ûndersoarte:
Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding IUCN-status 120px donkereachjunko Junco hyemalis Noard-Amearika 200pxJunco hyemalis op BirdLife 120px Guadalupejunko Junco insularis It noardlik part fan Isla Guadalupe (Meksiko) 200pxJunco insularis op BirdLife 120px gieleachjunko Junco phaeonotus Súdwestlike Feriene Steaten oant Meksiko 200pxJunco phaeonotus op BirdLife 120px Kalifornyske junko Junco bairdi Baja California Sur (Meksiko) 200pxJunco bairdi op BirdLife 120px fulkaanjunko Junco vulcani Kosta Rika en Panama 200pxJunco vulcani op BirdLife
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Amerikaanske goarsfûgel