De Kalifornyske junko (Junco bairdi) is in fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). De soarte komt allinnich foar op it skiereilân Baja California yn Meksiko. Earder waard er as in ûndersoarte fan 'e gieleachjunko (Junco phaeonotus) beskôge.

Beskriuwing De Kalifornyske junko is in middelgrutte (14–15 sm) Amerikaanske goars dy't tige op 'e gieleachjunko liket, dêr't er earder as ûndersoarte fan beskôge waard. Hy ferskilt dêr lykwols fan troch in dúdlik bleker fearrekleed, rustbrune flanken, folle minder swart yn it gesicht en in lytsere lichem, mar net in lytsere snaffel.

Fersprieding en systematyk De soarte komt allinnich foar yn bercheftige gebieten yn it suden fan it skiereilân Baja California (Sierra de la Laguna). Earder waard er beskôge as in ûndersoarte fan 'e gieleachjunko (Junco phaeonotus), mar tsjintwurdich wurdt er meastentiids as in selsstannige soarte beskôge.

Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarzen yndield by de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae), dêr't soartgelikense soarten út Euraazje en Afrika ta hearre. Ferskate genetyske ûndersiken litte lykwols sjen dat se in ûnderskate groep foarmje dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en ferskate famyljes mei mar in lyts tal soarten dy't endemysk binne foar it Karibysk gebiet.

Status en bedrigingen De Kalifornyske junko hat in lytse wrâldpopulaasje fan nei skatting mar 2.500–10.000 folwoeksen eksimplaren. Ek it ferspriedingsgebiet is tige beheind. De populaasjeûntwikkeling is lykwols ûndúdlik. Op grûn dêrfan klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld de soarte as gefoelich (Near Threatened, NT).

Namme De wittenskiplike soartnamme bairdi is in earebetoan oan 'e Amerikaanske ornitolooch Spencer Fullerton Baird (1823–1887).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Junko Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko