Hebei is in provinsje fan 'e Folksrepublyk Sina tusken Peking en Taiyuan. De haadstêd fan Hebei is Shijiazhuang. Yn 'e provinsje wenje likernôch 74,61 miljoen minsken (2020). It oerflak is likernôch fiif kear sa grut as dat fan Nederlân.

Hebei wurdt begrinzge troch de provinsjes Shandong, Henan en Shanxi, de autonome regio Binnen-Mongoalje en de Golf fan Bohai, dy't ûnderdiel is fan 'e Giele See. De stêdsprovinsjes Peking en Tianjin (earder Tientsin) wurde foar in grut part omklamme troch Hebei.

De provinsje is bekend om it keizerlik domein by Chengde, noardeastlik fan Peking. Dit gebiet yn 'e bergen mei ferskate paleizen en timpels wie sûnt 1611 de wichtichste simmerresidinsje fan 'e Qing-dynasty. It domein is troch UNESCO opnommen op 'e list fan Wrâlderfgoed.

Foar 1928 hiet de provinsje Zhili (of Chih-li). Yn dat jier feroare it sintrale regear fan 'e Republyk Sina de namme nei Hebei (itjinge "noardlik fan 'e rivier" betsjut). Yn dat jier ferhûze de haadstêd nei Nanjing en ferlear de regio syn status as streekrjocht bestjoer haadstedsk gebiet.

Grutste stêden De tsien grutste stêden fan 'e provinsje mei ynwennertallen fan 'e stêd neffens de folkstelling fan 2020Hébĕi (Sina): Prefektueren & stêden - ynwennertallen, kaarten, grafiken, wetter en webstee-ynformaasje. rangstêdynwennertalrangstêdynwennertal1Shijiazhuang5.090.4406Xingtai1.480.7542Tangshan2.549.9687Zhangjiakou1.339.3843Handan2.095.1348Langfang886.4904Baoding1.940.3849Hengshui885.4685Qinhuangdao1.520.19910Sanhe760.107

Bestjoerlike yndieling thumb|260px|Shijiazhuang thumb|260px|Baoding thumb|260px|Cangzhou De bestjoerlike yndieling fan Hebei is as folget: 350px Nû Namme Sineeske karakters Hànyǔ pīnyīn Stedsprefektueren1Shijiazhuang石家庄市Shíjiāzhuāng Shì2Baoding保定市Bǎodìng Shì3Cangzhou沧州市Cāngzhōu Shì4Chengde承德市Chéngdé Shì5Handan邯郸市Hándān Shì6Hengshui衡水市Héngshǔi Shì7Langfang廊坊市Lángfāng Shì8Qinhuangdao秦皇岛市Qínhuángdǎo Shì9Tangshan唐山市Tángshān Shì10Xingtai邢台市Xíngtái Shì11Zhangjiakou张家口市Zhāngjiākǒu Shì

Ofbylden

Kategory:Provinsje fan Sina Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1928