De Savannahgoars (Passerculus sandwichensis) is in wiid fersprate Noardamerikaanske moskeftige út 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarzen mei in taksonomyske yndieling dêr't noch altiten strideraasjes oer binne.
Namme Fan 'e wittenskiplike namme Passerculus sandwichensis ferwiist de skaainamme Passerculus nei it Latynske wurd foar "mosk" (passer) mei in ferlytsingsfoarm (-cul-) en in grammatikale útgong (-us), dus letterlik "moskje". It soartspesifike diel sandwichensis ferwiist nei de Sandwich Sound (no de Prince William Sound) yn súdlik Alaska, dêr't it earste spesimen sammele waard.
De namme "Savannahgoars" waard yn 1811 (yn 'e Ingelske fariant) yntrodusearre troch de Skotsk-Amerikaanske ornitolooch Alexander Wilson yn it trêde diel fan syn American Ornithology; or, the Natural History of the Birds of the United States. De reden foar dy nammejouwing wie dat Wilson foar it earst in eksimplaar fan dizze soarte waarnommen hie oan 'e kust fan 'e Amerikaanske steat Georgia, yn 'e neite fan 'e havenstêd Savannah.
Beskriuwing thumb|20250523 savannah sparrow longo farm PD202318|thumb|left|Fûgel yn Glastonbury, Connecticut. De fariaasje fan it fearrekleed fan 'e Savannahgoars is grut, mar is altiten streke. Meastentiids hat de fûgel in giel plak foar it each, mar by guon fûgels is dy skier of ôfwêzich. Guon populaasjes yn Kalifornje en Baja Kalifornje hawwe gruttere snaffels en in mear ynbannige streking. Oaren binne tige donker en opfallen streke. De ûndersoare princeps waard earder as aparte soarte behannele en is ljochter fan kleur mei gielich-rôze tinten.
Systematyk Fan 'e Savannahgoars binne sân oant 21 ûndersoarten bekend mei in ferspriedingsgebiet dat hast hiel Noard-Amearika omfiemet. Briedfûgels lâns de kust fan 'e Stille Oseaan en yn Meksiko binne stânfûgels, wylst oare populaasjes trekke en oerwinterje fan it suden fan 'e Feriene Steaten oant Midden-Amearika, de West-Yndyske eilannen en noardlik Súd-Amearika. Der is gjin ienriedigens oer de fraach oft de fûgel ien of mear soarten foarmet, noch oer syn ynterne systematyk. De list hjirûnder mei 21 ûndersoarten folget Clements et al. 2017:
savannah-groep Passerculus sandwichensis oblitus – sintraal Kanada en noardlik en sintraal FS, trekt nei noardeastlik Meksiko Passerculus sandwichensis mediogriseus – súdeastlik Kanada (Ontario, Gaspé-skiereilân) en yn it noardeasten fan 'e FS, trekt nei it súdeasten fan 'e FS Passerculus sandwichensis labradorius – eastlik Kebek, it Labrador-skiereilân en Nijfûnlân, trekt nei súdeastlik Teksas Passerculus sandwichensis savanna – Nova Scotia, Prins Edwardeilân en de Magdalena-eilannen, trekt nei de Bahama's Passerculus sandwichensis princeps – Sable Island (Nova Scotia), trekt nei kustgebieten fan Massachusetts oant Georgia sandwichensis-groep Passerculus sandwichensis athinus – de Aleoeten en noardlik Alaska oant súdeastlik Kanada, trekt nei Baja Kalifornje en súdlik Meksiko Passerculus sandwichensis sandwichensis – Amutka, de eastlike Aleoeten en it westlike Alaska-skiereilân, trekt nei súdlik Kalifornje Passerculus sandwichensis crassus – súdeastlik Alaska (Aleksanderarsjipel) en it oangrinzgjende fêstelân fan Alaska Passerculus sandwichensis brooksi – Vancouvereilân en de kust fan súdwestlik Britsk-Kolumbia oant noardwestlik Kalifornje, trekt nei Baja Kalifornje Passerculus sandwichensis alaudinus – de kust fan noardlik Kalifornje (Humboldt County oant San Luis Obispo County) Passerculus sandwichensis nevadensis – de Grutte Dobbe en de Grutte Flakten yn Noard-Amearika, trekt nei súdlik Meksiko Passerculus sandwichensis rufofuscus – sintraal Arizona en noardlik Nij-Meksiko oant noardlik Meksiko (Chihuahua) Passerculus sandwichensis brunnescens – Meksiko (Durango oant Jalisco, Puebla, Guerrero en Oaxaca) Passerculus sandwichensis wetmorei – de bergen fan it súdwestlikste Gûatemala guttatus-groep Passerculus sandwichensis beldingi – lâns de kustwetters fan súdlik Kalifornje (Santa Barbara County) oant noardlik Baja Kalifornje Passerculus sandwichensis anulus – it gebiet fan 'e Sebastián Vizcaíno-baai yn Baja Kalifornje Passerculus sandwichensis guttatus – de kust fan westlik Baja Kalifornje (de San Ignacio-lagune en omkriten) Passerculus sandwichensis magdalenae – de westkust fan Baja Kalifornje (Magdalena-baai) Passerculus sandwichensis sanctorum – de San Benito-eilannen foar de westkust fan Baja Kalifornje rostratus-groep Passerculus sandwichensis rostratus – noardeastlik Baja Kalifornje (de mûning fan 'e Kolorado en it oangrinzgjende Sonora) Passerculus sandwichensis atratus – de kust fan noardwestlik Meksiko (fan sintraal Sonora oant sintraal Sinaloa)
Guon diele de Savannahgoars op yn fjouwer soarten: de guttatus-groep as Passerculus guttatus, de sanctorum-groep as Passerculus sanctorum, de rostratus-groep as Passerculus rostratus en de oare ûndersoarten as Passerculus sandwichensis. It takson princeps is earder as in aparte soarte beskôge, mar út DNA-ûndersyk die bliken dat dy tige nau besibbe is oan 'e nominaatgroep.
Europa De soarte is in tige seldsume gast yn Europa, fral as der rekken holden wurdt mei de tige grutte populaasje en it brede ferspriedingsgebiet. Der binne mar in pear waarnimmingen bekend yn Grut-Brittanje en op 'e Azoaren. De soarte is ek waarnommen yn eastlik Ruslân en Japan.
Sibskip Ut DNA-ûndersyk die bliken dat de Savannahgoars it meast besibbe is oan 'e Centronyx henslowii en de Centronyx bairdii, dy't tradisjoneel yn it skaai Ammodramus set wurde. Guon hawwe dêrom de beide lêstneamde soarten út dat skaai weihelle en se tegearre mei de Savannahgoars yn Passerculus pleatst.
Famylje-yndieling Earder waarden de Amerikaanske goarzen yndield by de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae), dêr't soartgelikense soarten út Euraazje en Afrika ta hearre. Ferskate genetyske ûndersiken litte lykwols sjen dat se in ûnderskate groep foarmje dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en ferskate famyljes mei mar in lyts tal soarten dy't endemysk binne foar it Karibysk gebiet.
Hâlden en dragen thumb|left|Aaikes mei piken. De Savannahgoars foerazjearret op 'e grûn of yn lege strûken en wurdt benammen winterdeis ek op greidlân sjoen. Hy fret foaral sied, mar yn 'e briedtiid ek ynsekten. De fûgel wurdt simmerdeis meastentiids yn pearkes of famyljegroepen sjoen, en winterdeis en ûnder de trek yn gruttere keppels.
Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Op grûn fan dy kritearia klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natuurbeskerming (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De IUCN behannelet de guttatus-groep, de rostratus-groep en it takson sanctorum as aparte soarten en beoardielet harren bedrigingsstatus apart. Dy wurde as net bedrige beskôge, útsein it takson sanctorum, dat as gefoelich (Near Threatened, NT) beskôge wurdt.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Savannahgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon