De eastlike towy (Pipilo erythrophthalmus) is in fûgel út de famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Skaaimerken thumb|left|Pipilo erythrophthalmus allena (mei wite eagen). De eastlike towy is in grutte en karakteristike Amerikaanske goars mei in lingte fan 17 oant 23 sintimeter. Folwoeksen fûgels hawwe readbrune flanken, in wite bûk en in lange sturt mei wite hoeken. De boppekant, de kop en de sturt binne donker: swart by it mantsje en brún by it wyfke. Ek hat er in wyt plak by de basis fan 'e hânpinnen. It each is by de measte populaasjes read, mar wyt yn it sudeasten. Ferlikene mei de westlik foarkommende bûnte towy (dy't earder as in ûndersoarte fan 'e eastlike towy beskôge waard) mist er wite plakken op de skouderfearren en de dûbele wite wjukbannen.

Fersprieding en taksonomy De eastlike towy wurdt ferdield yn twa groepen mei yn totaal fjouwer ûndersoarten, mei de neikommende fersprieding:

"Readeach-towy" Pipilo erythrophthalmus erythrophthalmus – komt foar yn eastlik Noard-Amearika (fan súdlik Kanada oant de Golf fan Meksiko) Pipilo erythrophthalmus canaster – komt foar fan Tennessee oant Louisiana, Alabama en noardwestlik Floarida "Wyteach-towy" Pipilo erythrophthalmus rileyi – komt foar fan Virginia oant Georgia, noardlik Florida en súdeastlik Alabama Pipilo erythrophthalmus allena – komt foar yn sintraal Floarida nei it suden oant de súdlike punt dêrfan

De fûgel is ien kear yn Jeropa waarnommen doe't in wyfke ringe waard yn Lundy, Devon, Ingelân op 7 juny 1966. Earder waard ek de bûnte towy (Pipilo maculatus) ta dizze soarte rekkene.

Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarzen ta de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae) rekkene, dêr't de ferlykbere soarten út Jeraazje en Afrika ta hearre. Ut ferskate genetyske stúdzjes die bliken dat se in aparte groep foarmje, dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en in pear lytse famyljes dy't endemysk binne yn it Karibysk Gebiet.

Hâlden en dragen thumb|left|De karakteristike wite einen fan 'e sturtfearren fan 'e fûgel. De eastlike towy wurdt oantroffen op sinnerike iepen plakken, boskjes en ûndergroei fan iepen bosken. Hy is faak allinnich as er op 'e grûn nei sied en ynsekten siket. It wyfke leit ien oant trijeris yn 't jier in lechsel fan twa oant seis aaien, dy't yn tolve oant trettjin dagen útbret wurde.

Status en bedriging De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Nei alle gedachten nimt de populaasje yn oantal ôf, mar net sa slim dat de soarte as bedrige beskôge wurde moat. Op grûn fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op 29 miljoen briedende eksimplaren.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Towy Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten