In kloft of espel (yn Grinslân kluft, klauw of clauw neamdWFT op de Geïntegreerde Taal-BankWNT op de Geïntegreerde Taal-Bank, Aldfrysk: kleft)Etymologisch woordenboek van het Nederlands, N. van der Sijs (2003-2009) yn: etymologiebank.nl, stekwurd: klucht) wie yn Grinslân, benammen yn Hunzegoa en Fivelgoa en yn guon parten fan Fryslân westlik fan 'e Lauwers in rjochtsterm. It wie de namme fan in ûnderferdieling fan in karspel of fan in rjochtstoel. In kloft hie ornaris gjin eigen tsjerke, dochs bytiden in kapel. In kloft kin ek as synonym fan in wyk of buorskip sjoen wurde.

It begryp kloft kaam benammen foar op it Grinslânske en Fryske plattelân, bygelyks de Juursemakluft yn it Humsterlân. Yn 'e Ommelannen foelen de kloften ornaris mank mei in groep pleatsen of eale heerden dy't om bar meidiene oan 'e rjochtspraak.

Dêrnjonken wiene der buorskippen of kloften dy't in rol by de wettersteat, dykûnderhâld, buorrenhelp, ensfth. In reglemint út 1722 foar de Stedsjurisdiksje fan Grins skreau foar dat alle doarpen út in tal kloften of buertgilden (nabergilden) bestean moasten, dy't en oare publike taken ferantwurdlik wiene. Soksoarte organisaasjes bestiene ek yn 'e Ommelannen. De gruttere doarpen hiene fjouwer of mear buertgilden. In soad buertgilden kamen yn 'e rin fan de 19e iuw te ferfallen, nei't harren taken foar it grutste part troch de gemeenten oernommen waarden. Somtiden bleaune se as organisaasjes foar buorrenhelp bestean, oant se nei 1900 troch begraffenisferienings ferfongen waarden.

Ek yn stedske omkriten waas dat begryp brûkt. Sa wie de stêd Grins ûnderferparte yn earst seis en letter troch gearfoegjen fjouwer kloften. Dy kloften waarden wer ûnderferparte yn rotten. In rot wie in buert, of wat Grins oanbelange, in strjitte as in hûzeblok oan ien kant fan de strjitte. In soksoarte rot waard laat troch in rotmaster, dy't tafersjoch hold op in rot. Yn Grins hie yn 'e 16e iuw alle kloften likernôch 13 oant 19 rotten.Laan, M. van der (1985), Het versterkte Groningen : de verdedigingswerken van Groningen, 1527 -1577. Doktoraalskripsje midsiuwske skiednis Ryksuniversiteit Grins. side 100. Yn de Fryske stêden waard it begryp espelFrysker: stekwurd: espel brûkt. Op it Grinslânske plattelân waarden ek wol de begripen -horn (hoeke, ferlykje "herne") of -gilde brûkt.

Sjoch ek Klauboek

Keppelings om utens C. Tromp, Inleiding, yn: De Groningse kerspelarchieven, Grins 1982 D.J. Wijmer, Nabergilden in Groningen, 1668-1940, yn: Inventaris van de archieven van nabergilden in de provincie Groningen, Grins 1985 Woordenboek der Nederlandsche Taal: kluft, klauw

Kategory:Histoaryske geografy Kategory:Skiednis fan Grinslân Kategory:Skiednis fan Fryslân