De halsbântowy (Pipilo ocai) is in fûgel út 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Skaaimerken De halsbântowy is in grutte, kleurrike goarsfûgel fan likernôch 21 sintimeter mei in kastanjebrune krún, in griene boppekant, swart op 'e wangen, grize flanken en in wite kiel. De namme tanket de fûgel oan 'e swarte bân oer it boarst. De fûgel hat wol wat fan 'e fierders net besibbe kastanjekrúngoars (Arremon brunneinucha), mar dy hat in smellere boarstbân en gieloranjekleurige wynbraustreken yn stee fan wite. Ek it sjongen fan 'e kraachtowy is oars.

Fersprieding en taksonomy De halsbântowy komt foar yn Meksikaanske berchtmen en wurdt ferdield yn fiif ûndersoarten mei de neikommende fersprieding:

Pipilo ocai alticola – westlik Meksiko (westlik Jalisco en noardeastlik Colima) Pipilo ocai nigrescens – westlik Meksiko (noardsintraal Michoacán) Pipilo ocai guerrerensis – súdwestlik Meksiko (Sierra Madre del Sur yn Guerrero) Pipilo ocai brunnescens – súdlik Meksiko (sintraal Oaxaca) Pipilo ocai ocai – súdeastlik Meksiko (eastlik Puebla en westsintraal Veracruz)

De ûndersoarten guerrerensis en brunnescens wurde somtiden ek opnommen yn 'e nominaatfoarm.

De soarte hybridisearret gauris mei de bûnte towy yn it noarden en easten, wêr't de ûndersoarte alticola in hybridepopulaasje foarmet. Yn Oaxaca briede de ûndersoarte brunnescens en de bûnte towy njonken inoar, sûnder te hybridisearjen.

Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarzen ta de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae) rekkene, dêr't de ferlykbere soarten út Jeraazje en Afrika ta hearre. Ut ferskate genetyske stúdzjes die bliken dat se in aparte groep foarmje, dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en in pear lytse famyljes dy't endemysk binne yn it Karibysk Gebiet.

Hâlden en dragen De halsbântowy wurdt oantroffen op hichtes fan 1500 oant 3500 meter. Dêr libbet er yn 'e ûnderbegroeiïng fan fochtige wâlden mei dinnen en ikken. De fûgel lit him net faak sjen, mar wurdt wol ris waarnommen by it foerazjearjen op fjilden en yn bermen, foaral oan it begjin en de ein fan 'e dei.

Status en bedriging De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar de oantallen nimme ôf, lykwols noch net sa slim dat de fûgel as bedrige beskôge wurde moat. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC). It ferspriedingsbestân wurdt rûsd op 50.000 oant in heal miljoen folwoeksen fûgels.

Namme De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel earet Rafael Montes de Oca, in Meksikaanske keunstner en natuerûndersiker.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Towy Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko