Oling (Grinslânsk: Oolgen is de namme fan in wier en fan de justjes eastlik dêrfan lizzende wyk fan de stêd Appingedam yn de gemeente Iemsdelta yn 'e provinsje Grinslân.
Skiednis De namme komt yn 1466 foar it earst foar as Ollingum. Yn 1477 komme toe Olinge, yn de twadde helte fan de 16e iuw olijngen en Oijlingum en om 1680 hinne Olingen foar. De namme betsjut sokssawat as "hearrend ta de laach fan de persoan Ole". Te ferlykjen is de skaainamme Oling, Olinga en Olama.G. van Berkel en K. Samplonius: Nederlandse plaatsnamen verklaard, 2018 yn etymologiebank.nl, stekwurd: "Oling"
De wier leit op in âlde kwelderrêch en is likernôch 200 by 285 meter en hat in hichte fan 1,15 meter boppe NAP. Dêr wie mooglik bewenning yn 'e ier midsiuwen, neffens fynsten fan skerven fan de 9e iuw, dochs de measte spoaren fan bewenning komme fan de lette midsiuwen.
De wier wurdt troch de Olingerweg yn twaen spjalte. Hy is oan 'e eastlike kant foar in part ôfgroeven. De ringsleat is dêr noch hieltyd oan 'e west- en noardwestkant. Op 'e wier steane twa pleatsen. Noardlik fan 'e wier stie eartiids de boarch Dykhuzen en eastlik eartiids de pleats Lutje Oling.
Om de wier hinne lei de Noarder Olingerpolder. Yn 1949 waard it wetterskip Alde Olinger Sylrjocht oprjochte by de fúzje fan de Noarder Olingerpolder mei de Garreweer-Wirdumerpolder en de polder kromme Tocht. Yn 1967 waard it wetterskip mei 21 oaren fusearre ta it wetterskip Fivelgoa, dat yn 1987 opgie yn it wetterskip Iemssylfest, dat yn 2000 wer opgie yn it Noardersylfest.
Yn 'e 1980-er jierren waard eastlik fan de wier de Damster wyk Oling boud. De wyk leit hjoed-de-dei oan 'e westkant fan 'e stêd Appingedam. De wyk grinzget oan 'e wyk Westerdraai dy't út allinnich mar in pear strjitten bestiet. De wyk hat ynwenners ().
thumb|left|Huzen yn 'e wyk Oling yn Appingedam
Kategory:Appingedam Kategory:Plak yn Iemsdelta