Astrid Maud Ingeborg (Oslo, 12 febrewaris 1932 - dêre, 11 septimber 2026), wie in Noarsk prisesse.
Hja wie de twadde dochter fan kening Olaf V en kroanprinses-gemalin Märtha en in âldere suster fan de lettere kening Harald V, en ek muoike fan kening Haakon VIII. Se wie in folle nicht fan de Belgyske keningen Boudewijn en Albert II.
Op 12 jannewaris 1961 boaske se mei Johan Ferner (1927 - 2015). Winner fan Olympysk sulver by it silen yn 1952 Sûnt dy tiid stie se bekend as prinsesse Astrid, frou Ferner. It pear wenne yn Oslo en krige fiif bern: Cathrine Ferner Johansen (1962) Benedikte Ferner (1963) Alexander Ferner (1965) Elisabeth Ferner (1969) Carl-Christian Ferner (1972)
Sûnt de dea fan har mem, kroanprinses Märtha, yn 1954, beselskippe se har heit faak by offisjele gelegenheden. Ek wie se beskermfrouwe fan tal fan leafdiedigensynstellingen. Har bysûndere belangstelling hie de jeugd. Se sette har ûnder oare yn foar bern mei dysleksy.
Yn 2002 besleat it Noarske regear om har fan steatswegen in pensjoen ta te kennen.
Astrid fan Noarwegen ferstoar op 11 septimber 2026, yn 'e âldens fan 94 jier, twa wiken nei har broer Harald V.
Stambeam Harald V,Kening fan Noarwegen (1937-2026) Heit: Olaf V,Kening fan Noarwegen(1903–1991) Pake:Haakon VII,Kening fan Noarwegen(1872–1957) Oerpake:Freark VIII,Kening fan Denemark(1843–1912) Oerbeppe:Louise,keninginne fan Denemark(1851–1926) Beppe:Maud,Keninginne fan Noarwegen(1869-1938) Oerpake:Edward VII,Kening fan it Feriene Keninkryk(1841-1910) Oerbeppe:Alexandra,Prinsesse fan Wales(1844-1925) Mem:Märtha fan Sweden(1901-1954)Pake:Karel,hartoch fan Västergötland(1861-1951) Oerpake:Oscar II,Kening fan Sweden(1829-1907) Oerbeppe:Sophia,Keninginne fan Sweden(1836-1913) Beppe:Ingeborg,Prinsesse fan Denemark(1844-1925) Oerpake:Frederik VIII,Kening fan Denemark(1843-1912) Oerbeppe:Louise,Keninginne fan Denemark(1851-1926)
Kategory:Persoan berne yn 1932 Kategory:Persoan stoarn yn 2026 Kategory:Lid fan it Noarske keningshûs Kategory:Noarsk persoan fan Deensk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Sweedsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Skotsk komôf