Seabiscuit is in Amerikaanske histoaryske sportfilm út 2003 ûnder rezjy fan Gary Ross, mei yn 'e haadrollen Jeff Bridges, Tobey Maguire en Chris Cooper. De titel betsjut letterlik "Kaakse" (de geef Fryske term foar "skipsbeskút"). It is in ferwizing nei it ferneamde Amerikaanske racehynder mei deselde namme (1933–1947). De film waard basearre op it non-fiksjeboek Seabiscuit: An American Legend fan Laura Hillenbrand. It ferhaal folget de ûndernimmer Charles S. Howard, de jockey Red Pollard en de hynstetrainer Tom Smith, trije brutsen mannen yn 'e tiid fan 'e Grutte Depresje, dy't mei-inoar it mishannele, te lytse racehynder Seabiscuit fine, traine en ta in ûnbidich súkses en in grutte mediasensaasje meitsje. Seabiscuit krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar gâns prizen, wêrûnder sân Oscars, mar wûn dy net.

Plot Yn 'e iere 1920-er jierren wurket Charles S. Howard yn in fabryk dêr't fytsen produsearre wurde. Hy ergeret him oan 'e minne kwaliteit dêrfan en is fan miening dat er sels folle bettere fytsen meitsje kin. Dêrom beslút er in fytsehannel te begjinnen yn Kalifornje, in ûndernimming dêr't er al syn sparjild yn stekt. It docht lykwols bliken dat der net folle fraach is nei fytsen, mar nammenste mear nei auto's. Wannear't er fan in automobilist mei pech de fraach kriget oft er dy syn auto ek reparearje kin, antwurdet er fan ja. Hy hellet de hiele motor útinoar en leart himsels hoe't alles wurket. Dêrnei ferleit er al rillegau de fokus fan syn saak fan fytsen nei auto's. Mei't er in glêde prater is, berikt er grut kommersjeel súkses mei it ferkeapjen fan auto's, en groeit er út ta ien fan 'e rykste sakelju fan San Francisco. Hy keapet in pleats oan mei in grutte hynstestâl dêr't er ynstee fan hynders syn race-auto's stâlet.

Mids 1920-er jierren libbet Tom Smith in frij bestean op 'e iepen flakten, dêr't er wylde mustangs opspoart, fangt en traint om se as riid- of wurkhynder te ferkeapjen. Foar Smith is dat it ideäle libben en hy hellet der syn hert oan op. Hy hat in suver boppenatuerlik talint foar it omgean mei hynders, dêr't er yn ien eachopslach de potinsje fan ynskatte kin, en dy't er net traint troch se te brekken, mar mei geduld en leafde. Tagelyk groeit Johnny Pollard, dy't letter omreden fan syn read hier troch eltsenien "Red" neamd wurde sil, op yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta. Syn heit is in begoedige man, dy't syn fiif bern in leafde foar literatuer bybringt. Foar Red keapet er in eigen hynder, mei't de jonge dúdlik grutte oanlis hat foar hynstesport. Neitiid oefenet Red eltse dei it springen mei syn hynder oer obstakels. Ein oktober 1929 fynt de grutte beurskrach plak, wêrmei't in ein komt oan 'e knyntsjetiid fan 'e 1920-er jierren, en de Grutte Depresje ynset. De âldelju fan Red Pollard reitsje alles kwyt en wurde derta brocht om mei har fiif bern troch Noard-Amearika om te doarmjen op 'e siik nei los wurk om genôch te fertsjinjen om dy deis fan ite te kinnen. As de fyftjinjierrige Red troch syn talint mei hynders in baantsje oanbean kriget by in hurddraverij, beslute syn âlden dat er dat oannimme moat. Om't dêr yn 'e omkriten gjin wurk foar syn heit is, moatte se sels mei Red syn fjouwer jongere bruorren en susters fierder tsjen. Red kriget in sek mei wêryn't de dichtbondels sitte dy't syn heite leafste besit binne en wurdt frij hommels efterlitten, sadat syn âlden in mûle minder te foljen hawwe. It ûnthjit fan syn âlden dat se kontakt hâlde sille, komt neat fan op 'e hispel: hy heart nea wer wat fan harren en stiet der fan dat stuit ôf oan allinnich foar. Ek oan it soargeleaze bestean fan Tom Smith komt yn 'e Grutte Depresje in ein. It ferskinen fan ôffredings fan stikeltrie dy't syn trochgong oer de flakten tsjinkeare, makket dat er net mear lykas earder efter de wylde mustangs oan kin. Boppedat wurde hynders as wurkkrêften ferfongen troch motorisearre ferfiermiddels, wylst yn 'e Krisisjierren frijwol nimmen mear hynders keapet foar de leafhawwerij. Smith rekket oan legerwâl en einiget as ien fan 'e wurkleaze omrinners dy't yllegaal yn frachtwagons troch it lân swalkje.

Charles Howard komt de Grutte Depresje relatyf ûnskansearre troch. Hy rekket wat jild kwyt en syn bedriuw moat wat ynkrimpe, mar hy bliuwt ryk en hy besiket ek safolle mooglik fan syn wurknimmers oan it wurk te hâlden, ek al soe it finansjeel better útkomme om se te ûntslaan. Mar dan wurdt er troffen troch persoanlik leed. Wylst er fan hûs is, set syn tsienjierrige soan Frankie ôf mei syn heite pick-uptruck om út te angelfiskjen te gean. By in ûngemak rekket er mei de auto fan 'e wei ôf, rôlet by in steile heuvelskeante del en komt op 'e kop yn in rivierke telâne. It jonkje ferdrinkt ear't er fûn wurde kin. Howard is der alhiel stikken fan en syn frou Annie net minder. Mar sy jout har man de skuld fan 'e trageedzje, om't hy dejinge wie dy't Frankie fierstente jong autoriden leard hie. Net folle letter einiget it houlik fan 'e Howards yn in skieding. Charles Howard bliuwt as in brutsen man efter.

Nei ferrin fan tiid nimme Howard syn rike freonen him mei nei Tijuana, krekt oer de grins mei Meksiko. Wylst de Feriene Steaten noch suchtsje ûnder de Drûchlizzing, wurdt yn Meksiko wol alkohol skonken en teffens is it der mooglik om te gokken. Howard wurdt yn Tijuana opmurken troch in jongedame, Marcela Zabala, dy't oanlutsen wurdt troch sawol syn uterlik en syn persoanlikheid as troch de tragyk yn syn libben. Se siket kontakt mei him en wit him foar har te winnen; se trouwe koarte tiid letter. Marcela hâldt fan hynsteriden, en troch har kriget Howard belangstelling foar hynders. Hy beslút te ynvestearjen yn in racehynder, mar om't er sels hielendal gjin ferstân fan hynders hat, siket er immen om in goed racehynder foar him út te sykjen en te trainen.

Tom Smith is ûnderwilens ek yn Tijuana bedarre, dêr't er yn djippe earmoede libbet troch yn 'e wyldernis te kampearjen. Wannear't in pleatslike hynste-eigner in racehynder ôfsjitte wol dat in piis ferrutsen hat yn ien fan 'e foarskonken, bepleitet er om it hynder ynstee oan him te jaan, wat de eigner de kosten fan in kûgel en it opromjen fan it kadaver besparje soe. Hy kriget syn sin en helpt it hynder neitiid stadichoan te genêzen. Wannear't Howard him sjocht, is er yntrigearre. Hy siket Smith op in jûn yn syn kamp op en praat mei him. Hy freget oft it hynder genêze sil en Smith antwurdet dat it eins al wer genêzen is. It bist kin nea wer meidwaan oan in hurddraverij, mar it is noch poerbêst geskikt as rydhynder foar in bern. As Howard him freget wêrom't er it bist net ôfsjitte litten hat as it dochs net mear hurddrave kin, antwurdet Smith dat je net in hiel libben weismite kinne fanwegen in lytse skansearring. Dat oertsjûget Howard derfan dat er de juste man fûn hat, en hy freget Smith om by him yn 'e tsjinst te kommen as hynstetrainer.

Tegearre geane de mannen neitiid op 'e sneup nei in gaadlik racehynder. Mar Smith sjocht by eltse foar de hân lizzende kar wol wàt dat net doocht. Dan, op in dei, kriget er in racehynder op it each dat Seabiscuit hjit. It bist hat, as pakesizzer fan 'e grutte Man o' War, in poerbêste ôfstamming, mar nimmen sjocht der wat yn. Seabiscuit is te lyts en wurdt as te loai en te skruten beskôge om ea in goed racehynder wurde te kinnen. It hynder is yn syn jonkheid mishannele en is dêrtroch dwers wurden. Letter waard er brûkt by de training fan oare, as better beskôge racehynders. Om dy bisten mear selsfertrouwen te jaan, hold de berider fan Seabiscuit him krekt foar de finish yn, sadat syn tsjinstanner winne koe. Doe't him dat ienris oanleard wie, hold Seabiscuit tenei altyd krekt foar de finish yn, ek as it de bedoeling wie dat hy winne moast. Oare hynstelju miene dêrom dat er weardeleas is, mar Smith wurdt yn ien eachopslach syn ûnoanboarre pontinsjeel gewaar en bepraat Howard om him te keapjen.

Underwilens is Red Pollard grut wurden yn in hurde wrâld, dêr't er folslein op himsels oanwiisd is. Hy sit fol wrok oer it feit dat syn âldelju harren ûnthjit brutsen hawwe en nea wer wat fan har hearre litten hawwe. As útlaadklep foar syn razernij en frustraasje, en teffens om't er mei syn wurk as hynstefersoarger en jockey mar amperoan genôch fertsjinnet om itende te bliuwen, fjochtet er yn yllegale bokswedstriden. As er ien kear tefolle delslein wurdt, ferliest er it ljocht yn syn rjochtereach. As jockey is er eins te grut en te swier, en dêrom hongeret er himsels út, sels as er wól jild hat om iten fan te keapjen. Op in stuit bedarret er yn Tijuana, dêr't er de nachten trochbringt yn in bordeel en dêr't er kunde kriget oan topjockey George Woolf.

It trainen fan Seabiscuit giet yn 't earstoan net sa geweldich. It hynder sit fol lulkens, ferset him oan ien tried wei en skopt syn stâlen suver stikken. Howard hat sterke twifels oer it bist, mar de geduldige Smith is der wis fan dat er it hynder omturnje kin. Der moat allinnich noch wol in jockey fûn wurde dy't gek genôch is om sa'n mâlenien beride te wollen. Op in dei, wylst Seabiscuit wer ris in dwers sin hat en troch trije, fjouwer man yn 'e stringen holden wurde moat, sjocht Smith hoe't even fierderop in poerrazene Red Pollard yn in fjochtpartij in stik as seis stâljonges fan him ôfslacht. Smith sjocht efterom nei Seabiscuit en wer foarút nei Pollard, merkt de oerienkomsten tusken harren op en beslút dat er syn jockey fûn hat.

Howard nimt Marcela, Smith, Seabiscuit en Pollard mei werom nei syn pleats by San Francisco, dêr't de race-auto's út 'e stâlen helle wurde om plak te meitsjen foar hynders. Seabiscuit bliuwt lulk en dwers, oant Smith de merje Pumpkin by him yn 'e stâl set, dy't sa kalm is dat neat har wat docht. Troch de ynnovative training fan Smith leart Seabiscuit neitiid al syn ferkearde oanwensten ôf en begjint er by oefenings op hurddraversbanen de baanrekôrs te ferpletterjen. Howard skriuwt it hynder yn foar ferskate lytse hurddraverijen oan 'e Amerikaanske westkust, dy't Seabiscuit ûnferwachts (foar oaren) wint. As lyts hynderke mei in te grutte jockey wurdt er beskôge as de underdog en groeit er út ta de favoryt fan it publyk.

Wannear't Howard freget wat der eins fierder noch te winnen falt, wiist Smith derop dat der eastkant de Rocky Mountains noch in hiele hurddraverijwrâld bestiet dy't foar Seabiscuit ûnûntgûn terrein is. De hurddraverskampioen yn it easten is op dat stuit it racehynder War Admiral, de winner fan 'e Trijefâldige Kroan. Howard siket kontakt mei de miljonêr Samuel D. Riddle, de eigner fan War Admiral, om in wedstryd tusken de beide hynders te beävensearjen, mar Riddle hat inkeld minachting foar Howard syn 'hynderke' en net minder foar it hurddraven yn Kalifornje as gehiel. Yn 'e prestizjeuze Santa Anita Handicap, ien fan 'e wichtichste hurddraverijen fan Kalifornje, is Seabiscuit de ferwachte winner. Hy leit ek foar as it op 'e finish ta giet, mar Pollard syn blinens oan syn rjochtereach brekt him op as er te let gewaar wurdt dat in oar racehynder him oan 'e bûtenkant ynhellet. Hy ferliest de wedstryd mei in noaslingte en moat neitiid oan Smith syn lichaamlike beheining opbychte, dy't er oan dy tiid ta geheim holden hie. Smith is poer en advisearret Howard om Pollard te ûntslaan, mar Howard jout him syn eigen wurden werom troch te sizzen dat je net in hiel libben weismite kinne fanwegen in lytse skansearring.