Opwierde (Grinslânsk: Opwier, histoaryske namme: Opwierda) is in earder doarp en hjoed-de-dei in wyk fan de stêd Appingedam yn 'e gemeente Iemsdelta yn 'e provinsje Grinslân. Opwierde leit oan 'e súdeastkant fan Appingedam en hat ynwenners (). Foar adressen en postkoades leit Opwierde yn Appingedam.
Skiednis De namme wurdt foar it earst neamd yn 1228 as Upwirthe. Yn 1453 komt to vpwyrden en yn 1581 Upweerda foar. De namme is in gearstalling fan it Aldfryske up (heger, nei binnen ta lein) en wirth (terp, bewenne hichte) yn tsjinstelling ta Uitwierde.G. van Berkel en K. Samplonius: Nederlandse plaatsnamen verklaard, 2018 yn etymologiebank.nl, stekwurd: "Opwierde"
Op 'e terp yn it âlde doarp stiet de romanogoatyske tsjerke fan Opwierde, boud yn 1235-1250. It ienskippige gebou bestie oarspronklik út trije traveeën. De westlike travee waard yn 1838 foar de helte ôfbrutsen. Ek de frijsteande toer waard doe ôfbrutsen. De tsjerke is eigendom fan de Stichting Alde Grinslânske Tsjerken.
It doarp hearde yn 'e Frânske tiid foar in koart skoftke by de gemeente farmsum heard, oant dy dêrnei ferparte waard oer de gemeenten Delfsyl en Appingedam.
Kategory:Appingedam Kategory:Plak yn Iemsdelta