De kastanjekrúngoars (Arremon brunneinucha) is in fûgel út 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarzen yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). Hy komt foar yn fochtige berchbosken fan Meksiko oant Fenezuëla en Ekwador. De soarte nimt yn oantal ôf, mar de populaasje is noch grut.

Skaaimerken De kastanjekrúngoars is 16 oant 19,5 sm lang en weaget sawat 32 oant 47 g. Hy is ien fan 'e gruttere strûkgoarzen. Mantsjes en wyfkes hawwe itselde fearrekleed. Folwoeksen fûgels fan 'e nominaatûndersoarte (A. b. brunneinucha) ha in breed swart masker fan 'e foarholle oant ûnder de snaffelhoeke en fierder nei de nekke ta. Yn dat swarte masker sit boppe de team in lyts wyt plak. De fûgel is op 'e krún kastanjebrún mei in smelle goudgiele râne. De boppedielen fan 'e soarte binne oliifgrien en de wjukken en sturt hawwe in donkerder oliifgriene kleur. De kiel is wyt mei in smel swart bantsje derûnder oer it boppeboarst. Under is de fûgel griiseftich mei in wat witer búkje. Se hawwe in donkerbrún oant readbrún each, in swarte snaffel, en swartbrune poaten.

Jonge fûgels hawwe in donkere, griisbrune krún, grienbrune oant griisbrune boppedielen, wylst de ûnderkant griis en wyt is. De boppesnaffel is dof oranje en de ûndersnaffel gielich mei in donkere punt.

Fersprieding en systematyk De kastanjekrúngoars komt foar yn berchtmen yn Latynsk-Amearika en wurdt ferdield yn alve ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Arremon brunneinucha apertus – súdlik Meksiko (Sierra de Tuxtla yn súdlik Veracruz); Arremon brunneinucha suttoni – súdwestlik Meksiko (Guerrero oant sintraal Oaxaca); Arremon brunneinucha nigrilatera – berchtmen yn súdlik Meksiko (Oaxaca); Arremon brunneinucha brunneinucha – subtropysk eastlik Meksiko (San Luis Potosí en Veracruz oant noardeastlik Oaxaca); Arremon brunneinucha macrourus – súdlik Meksiko (Chiapas) en súdwestlik Gûatemala; Arremon brunneinucha alleni – noardlik El Salvador, Hondoeras en westlik Nikaragûa; Arremon brunneinucha elsae – Kosta Rika oant westlik en sintraal Panama; Arremon brunneinucha frontalis – eastlik Panama oant Kolombia, westlik Fenezuëla en súdlik Perû; Arremon brunneinucha allinomatus – noardwestlik Fenezuëla (Falcón en Yaracuy); Arremon brunneinucha inornatus – west-sintraal Ekwador (gebieten om 'e Río Chimbo en Río Chanchan hinne).

De ûndersoarte nigrilatera wurdt faak opnommen yn suttoni.

Skaai thumb|left|Fûgel fotografearre yn Kosta Rika. Oant koartlyn waard de soarte yn it skaai Buarremon yndield, mar nei genetyske stúdzjes wurdt er no opnommen yn Arremon. Fierder tebek waard de fûgel ta it skaai Atlapetes rekkene.

Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarzen yndield by de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae), dêr't de goarzen út Euraazje en Afrika ta hearre. Ut ferskate genetyske ûndersiken die lykwols bliken dat se in aparte groep foarmje dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en ferskate famyljes mei mar in lyts tal endemyske soarten yn it Karibysk gebiet.

Hâlden en dragen De kastanjekrúngoars is yn it ferspriedingsgebiet in gewoane fûgel yn ticht leechhout fan fochtige berchbosken, jong bosk en ravinen fan 250 oant 900 meter hichte. Hy libbet fan ynsekten en spinnen dy't er fan 'e grûn siket mei de snaffel, mar kin ek beien en wringeleaze bisten út lege strûken pakke. De fûgel wurdt sjoen yn pearkes, yn famyljegroepen of yn mingde kloften mei oare Amerikaanske goarzen.

It wyfke bout it nêst oant 2,5 meter boppe de grûn yn in strûk of in lyts beamke. Hja leidt meastentiids twa glânzgjende wite of ljochtblauwe aaien sûnder plakken. Allinnich it wyfke briedt. Nei tolve oant fjirtjin dagen komme de aaien út.

Status en bedriging De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne. De delgong is lykwols noch net sa slim, dat de soarte as bedrige beskôge wurde moat. De Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net-bedrige (Least Concern, LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla